Boargemaster makket mei bern bije- en ynsektehotels

july 29, 2020 16:20

Justermiddei wie boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen efkes ‘bijeboargemaster’. Mei in groep bern makke er yn de edukative bijegreide yn It Surhústerfean bije- en ynsektehotels. Mei Brommelswyfke brocht er op in edukative en boartlike wize it tema bioferskaat by de bern foar it fuotljocht. De aksje is op tou set troch Boargerynisjatyf Brommels! yn ’e mande mei VANLA en Stichting Wrâldfrucht. Dy sette har mei it projeit ‘Natuerlik Ferskaat mei de mienskip’ yn om it bioferskaat te fergrutsjen yn beamwâlen en tunen yn De Noardlike Fryske Wâlden.

foto: Sanne de Groot

De aktiviteit fan justermiddei wie ien de oanpassingen foar dit jier fan it Wâldpyk-brommelfeest Brommels! dat oars alle jierren op de fjirde saterdei en snein fan augustus holden wurdt. Mei oantreklike en learsume digitiale aktiviteiten wurdt no omtinken jûn oan it tema ‘Natuerlik Ferskaat’ (bioferskaat) en it nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden.

Boargemaster, frijwilligers en bern makken fan beamstamkes, stiennen en klompen (oanbean troch Scherjon’s Klompmakkerij) prachtige ûntwiken foar bijen en oare ynsekten. Dy waarden yn de bijegreide set. Fan ien grutte stam waard in bijekastiel makke troch der allegear gatsjes yn te boarjen.  “Us bern binne de takomst. By harren moat it begryp bioferskaat begjinne te libjen. En net omdat it moat, mar omdat se it logysk fine”, seit de boargemaster.
It Brommelswyfke (Atsje Lettinga van De Muzykpleats) fleure it nifeljen op en âldere bern makken der in film fan it gehiel. Dy komt ein fan ’e wike yn omloop.

It Wâldpykfestijn Brommels! op 22 en 23 augustus 2020 giet dit jier wol troch. Ynformaasje dêroer is te finen op www.brommelsfestijn.nl.

july 29, 2020 16:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.