Binne der oer in pear jier noch Fryske taalkundigen?

july 24, 2020 15:21

Minsken dy’t in soad fan Fryske taalkunde witte, wurde seldsum. Ien foar ien geane se mei pensjoen en de wittenskiplike ynstituten hawwe net ynvestearre yn opfolging. Dat sizze Anne Merkuur, Siebren Dyk en Anne Popkema hjoed yn it Frysk Deiblêd.

Dyk is sa’n Fryske taalkundige dy’t mei pensjoen gien is. Hy wurke by de Fryske Akademy en hat gjin opfolger krige. It is net sa dat der gjin gaadlike kandidaten wiene, mar de “ferswakke ynstituten”, sa’t Popkema se neamt, hawwe te min dien om harsels as nijsgjirrige wurkjouwer te presintearjen.

Popkema sjocht wol kânsen as de plannen fan de oerheid om it Frysk uterlik yn 2030 oeral as folweardich skoalfak oan te bieden fertuten dogge. Dan komt der in soad wurk foar leararen, oplieders fan leararen, skriuwers fan learboeken en noch folle mear, sa seit er.

Oer de takomst fan de frisistyk is koartlyn in boek ferskynd ûnder de titel De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing. It befettet in stikmannich foardrachten dy’t ferline jier hâlden binne op in sympoasium oer de kwestje. It boek is útjûn troch de Ryksuniversiteit Grins en kostet 17,50. Klik hjir foar mear ynformaasje.

july 24, 2020 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.