Bern yn it noarden krije eigen mobyl of tablet jier letter

july 6, 2020 09:20

Ut ûndersyk troch Markteffect, docht bliken dat bern yn de noardlike provinsjes in eigen mobile telefoan of tablet yn trochsneed ien jier letter krije as yn de rest fan Nederlân.

Yn trochsneed krije Nederlânske bern fan acht jier in eigen apparaat. Yn it noarden fan Nederlân, dat wol sizze yn Fryslân, Drinte en Grinslân, krije bern in eigen apparaat wannear’t se yn trochsneed njoggen jier binne. Boppedat hat 30% fan de seis- oant tolvejierrige bern yn dy provinsjes hielendal gjin eigen snoadfoan of tablet, en meitsje se gebrûk fan it apparaat fan harren heit of mem, of fan in mienskiplik apparaat, lykas in kompjûter yn ’e wenkeamer. Dat neffens 27% yn hiel Nederlân.

Net allinnich hoe âld oft bern binne as se in eigen apparaat krije ferskilt, ek it soarte apparaat dat se as earste krije. Yn hiel Nederlân is in tablet dêr it populêrst foar: 56% fan de bern kriget dat as earste apparaat. Dêr foaroer is yn de noardlike provinsjes it earste apparaat yn ’e measte gefallen (58%) in snoadfoan.

It apparaat dat Nederlânske âlden as earste oan harren bern jouwe:

Ofbylding: Prijsvergelijken.nl

Boarne: Undersyk Markteffect

It is lestich om fêst te stellen hoe âld oft in bern krekt wêze moat om in eigen apparaat te krijen. Dat hinget fan elk bern apart of fan de opfieding ôf. Wol binne dêr rjochtlinen foar. Alden kinne bygelyks beslisse om harren bern in mobile telefoan te jaan, wannear’t it nei it fuortset ûnderwiis giet. Dêr is in snoadfoan hieltyd faker ûnmisber, bygelyks foar de klasse-app of Whatsapp of foar it ynsjen fan it lesroaster. Dêrneist kin it meispylje oft oare bern yn itselde fermidden en like âld in eigen apparaat hawwe of net.

It is net dúdlik oft it hawwen fan in eigen apparaat op jonge bern positive effekten hat. Dêrby kin tocht wurde oan it ûnderhâlden fan sosjale kontakten en it ûntwikkeljen fan motoaryske feardichheden. It is foar âlden yn alle gefallen in stik lestiger om tafersjoch te hâlden as it bern in eigen apparaat brûkt, yn stee fan in mienskiplik apparaat.

Denise Bontje is spesjalist op it mêd fan mediaopfieding, taalûntwikkeling en spul, en jout in tip foar it hâlden fan tafersjoch. Hja leit de klam net op it kontrolearjen, mar foaral op ’e ynteraksje tusken âlden en bern: “Freegje jo bern ris om jo sjen te litten hoe’t in spul wurket en doch ris mei. It no en dan tegearre spyljen, wat sjen of sels meitsjen en dêroer praten is net allinnich moai, mar miskien noch wol weardefoller foar de ûntjouwing fan bern as it spul sels. Boppedat skept men sa in betrouwensbân en dêrtroch sil in bern earder by jin oanklopje as it wat beprate wol.”

Oer it ûndersyk
It ûndersyk waard tusken 10 en 22 maart 2020 útfierd yn opdracht fan Prijsvergelijken. De doelgroep bestiet út âlden fan bern tusken de seis en tolve jier. Yn totaal hawwe 1020 âlden oan it ûndersyk meidien. Op basis fan de respons binne de antwurden mei in wissigens fan 95% en in krektens fan 3,1% nei de doelgroep te generalisearjen. Yn ’e praktyk betsjut dat as in útkomst út it ûndersyk 50% is, dat yn werklikheid tusken 46,9% en 53,1% leit.

july 6, 2020 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.