Babs Haenen yn keramykmuseum Prinsessehôf
Resint ferskynd
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
- Wall House #2 by Grins feroaret tydlik yn in ‘donkere keamer’ 0
- Natura 2000-behearsplan foar Fryske Marregebiet leit op besjen 0

Babs Haenen, The Garden of Giverny, 2020, porslein, pigminten, glazuer, Courtesy Hostler Burrows gallery, New York- Los Angeles
De ferneamde keunstneres en keramiste Babs Haenen (Amsterdam, 1948) kriget fan ’t jier de Van Achterberghpriis. By gelegenheid dêrfan lit it Prinsessehôf yn Ljouwert fan 5 septimber oant en mei 3 jannewaris 2021 in seleksje fan har ymposante wurk sjen.
Njonken har ekpressive skulptueren wurde har arsjitektuerprojekten nei foaren helle. Haene ntwûrp foar de Stedsskouboarch fan Haarlem porsleinen tegels en in ornamint en foar wenningkorporaasje Ymere yn Amsterdamn de Waadtegel, dy’t yn tolve gebouwen tapast is. Beide binne produsearre troch Keninklike Tichelaar Makkum. Der sille ek foarbylden te sjen wêze fan de keunstopdrachten, fliertegels en behang foar de Rigo-Saittakolleksje.
Van Achterberghpriis
Ien kear yn de twa jier wurdt de Van Achterberghpriis (€15.000,-) takend oan in persoan of ynstelling dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de keramyske keunst en keramyk yn Nederlân. Babs Haenen is ien fan de belangrykste noch libjende keramisten mei in omfangryk oeuvre mei karakteristike, faak ekspressive foarmen.
De sjuery skreau: “Babs’ werk is technisch virtuoos, verfijnd van afwerking en kleur, monumentaal en tegelijkertijd poëtisch. Aan de basis van dat werk staat een kleine maar ijzersterke vrouw die al bijna een halve eeuw lang keihard werkt aan een consistent oeuvre waarmee ze ook nu nog aan de top van de internationale keramische kunst staat.”
Babs Haenen

Babs Haenen (foto Roos de Bolster)
Haenen studearre fan 1974 oant 1979 oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam, dêr’t se letter ek 19 jier lesjûn hat. Se wie ek gastdocent oan de Academie voor Industriële Vormgeving yn Eindhoven en it Royal College of Art yn Londen.
Fan 2011 oant 2017 hie se in eigen atelier yn de ferneamde porsleinstêd Jingdezhen (Sina), dêr’t se har designkolleksje Flow ûntwikkele. Har wurk wurdt nasjonaal en ynternasjonaal heech wurdearre en is opnommen yn in protte museumkolleksjes lykas it Stedelijk Museum te Amsterdam, Museum Boijmans van Beuningen te Rotterdam, it Frans Hals Museum te Haarlem, it Hetjens Museum te Düsseldorf, Victoria en Albert Museum te Londen, it Carnegie Institute Museum of Art te Pittsburgh, it Cooper Hewitt Museum te New York, it Museum of Contemporary Ceramic Art te Shigaraki (Japan) en it Liling Ceramics Valley Museum (Sina).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje