Alwer in protte ynstjoeringen NTR Podcastpriis

july 11, 2020 15:30

Juster binne út 52 ynstjoeringen de nominaasjes foar de NTR Podcastpriis 2020 bekend makke. Dy oanmoedigingspriis foar jonge podcastmakkers út Nederlân en Flaanderen wurdt 30 augustus útrikt. Radio Doc fan NTR/VPRO stjoert fan alle nominearre podcasts in ôflevering út. De nominaasjes binne ek te finen fia de Facebookside fan de NTR Podcastpriis en yn de grote podcast-apps.

Dit jier komme fjouwer nominaasjes út Flaanderen en seis út Nederlân. In grut tal komt út de net-sjoernalistike hoeke. Sprutsen-wurdartysten, studinten fan konservatoariums en teäteropliedingen binne alle jieren better fertsjintwurdige.

De nominaasjes binne:

  • Renee Demeulemeester – Een Koud Kunstje
  • Misha Melita – Sheherazade
  • Joost Schulte – GeschiedLied
  • Sanne van Otten – Aarde in de Stad
  • Max-Lena vanden Eynde – Na het Applaus
  • Josia Brüggen, Nina Eshuis, Julia Vie, Willem Hilhorst – Hartkloppingen
  • Thomas van Veen – De fragiele droom
  • Marie van Uytvanck – Uit de PodKast
  • Djuna Kramer – Nu het nog kan
  • Ischa den Blanken, Bastiaan Benjamin, Max Ligtenberg – Danny|Jenny

Sjoch ek op https://www.nporadio1.nl/podcasts/ntr-podcastprijs

In ûnôfhinklike faksjuery makket út hokker fan de nominaasjes de earste en de twadde priis krije. Der is ek in publykspriis. De podcast dy’t op de Facebookside fan de NTR Podcastpriis de measte ‘mei-ik- wol-oertomkes’ kriget, kriget dy ûnderskieding ek op 30 augustus.

De útstjoeringen fan Radio Doc binne op de sneintejûnen fan 26 july oan en mei 23 augustus om 21.00 oere op NPO Radio 1

july 11, 2020 15:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.