Ald-Grouster earste ambachtsfrou fan de logopedy

july 28, 2020 12:53

Op 26 maaie fan dit jier stoar yn har wenplak Zeist Tiete Damsté-Terpstra, 93 jier âld. Ferline wike stie oer har yn de Volkskrant in stik fan Peter de Waard. De term ‘earste ambachtsfrou’ en de gegevens yn it ûndersteande ferhaal komme út dat stik.

Logopedy – ûnderrjocht yn it praten en brûken fan de stim; behanneling fan ôfwikingen oan ‘e spraak en spraakorganen, seit it Frysk Hânwurdboek – hat lang in byfak west foar sjongleararen en ûnderwizers, en foar de lêsten dan ek noch fakultatyf. Bern dy’t stammeren of slisten waard profesjoneel noch net folle oan dien. It moast fansels mar oergean, en oars mar net…

Tiete Terpstra, berne yn 1924 yn Grou en dochter fan de suveldirekteur dêr, krige as jongfaam niget oan dat fak doe’t se seach hoe’t har dôve buorjonge it praten leard waard. Nei de Twadde Wrâldoarloch gie se nei Amsterdam om dêr in twajierrige logopedyoplieding te folgjen. Ien fan har leararen wie de logopedist dy’t de kening Ingelske George VI (de heit fan keninginne Elisabeth) behannele. Doe’t se de oplieding hân hie koe se mar min wurk fine, sa’n bytsje emploai wie der doe noch foar dy beropsgroep. Lang om let koe se foar trije gûne yn ’e oere by de GGD oan ’e slach. Letter waard se begjinnend terapeut yn it Wilhelmina Gasthuis yn Amsterdam. Dêr waarden minsken behannele fan wa’t de strôtbal mei de stimbannen weinommen wiene as gefolch fan kanker. Dy pasjinten moasten it praten opnij leare.

Yn dat sikehûs kaam se yn ’e kunde mei Helbert Damsté. Dy die dêr promoasjeûndersyk nei dy pasjinten. It waard leafde en se trouden. Neidat hy promovearre wie, krige it pear in beurs fan de WHO om by foniatryôfdielingen yn Europa en de Feriene Steaten lâns. Se seagen dat der bettere metoaden wiene om minsken mei stimôfwikingen te behanneljen. Ien dêrfan wie de swimsnorkel foar minsken dy’t de strôtbal kwyt binne.

De Damstés brochten wat se yn it bûtenlân sjoen hiene yn Nederlând as pioniers yn praktyk. Yn 1970 kaam der yn Utert in dei-oplieding logopedy. Tiete waard dêr sels de earste direkteur fan, mar se rjochte ek sels de leslokalen yn, ûnder mear troch dêr lytse ôfskate romten yn oan te bringen en foar in bettere akoestyk de muorren en plafonds mei aaidoazen te beplakken. Se yntrodusearre nije behannelmetoaden foar stimterapy en ferbettere de besteande oplieding. Dêrnjonken wurke se as stimdosint by de Academie voor Expressie door Woord en Gebaar yn Utert (no opnommen yn de hegeskoalle foar de keunsten HKU) en by de ôfdieling Taalexpressie fan de universteit Utrecht.

foto: Damsté-Terpstra Fonds

Nei har pensjoen hold Tiete net op, mar bleau se aktyf yn de lanlike beropsferiening foar logopedy en foniatry (NVLF), de feriening dêr’t se 73 jier lid fan west hat en dy’t har trije jier lyn as earelid beneamde. Mei har man rjochte se it Damsté-Terpstra Fonds op, dat as doel hat om nije ynsichten op it mêd fan de logopedy te stimulearjen, it ferbetterjen fan de wurkwizen fuort te sterkjen en logopedyske praktykprojekten en previntive soarch te stypjen.

Dr. Helbert Damsté wurke as kno-dokter oan it UMC en as heechlearaar foniatry en logopedy yn Utert en Leuven. Hy publisearre in soad boeken en artikels, ûnder mear oer stimsteuringen en stammerjen. Hy stoar yn 2017, 92 jier âld. It pear hie gjin bern. Tiete bleau aktyf foar it fûns dat se mei har man yn it libben roppen hie. Ut dat fûns ûntstiene de Damstégoep, in terapy foar stammerjende minsken en it Stemplatform Damsté-Terpstra, dat de wurkwize en de fyzje dêr’t de Damstés de grûnlizzers fan wiene yn praktyk bringt.

Tiete hat sûnder ophâlden it gearwurkjen bepleite fan alle stimsoarchprofesjonals lykas kno-dokters, sjongdosinten en logopedisten. Wat oant fyftich jier lyn bysaak wie is troch har krewearjen útgroeid ta in hbo-bacheloroplieding.

Jan Breimer

july 28, 2020 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.