Akkoart op Eurotop oer koroanaferbetterfûns

july 21, 2020 11:02

De Europeeske lieders binne ta in akkoart kommen oer it koroanaferbetterfûns en de nije mearjierrebegrutting fan de EU. Dy begrutting omfettet sa’n 1100 miljard euro. Yn it koroanapakket sit 750 miljard euro: 390 miljard oan subsydzjes en 360 miljard oan lieningen.

Foto: pixabay.com

Lannen dy’t subsydzjes krije, moatte oan beskate betingsten foldwaan en herfoarmingen trochfiere. Dat wie ien fan de easken fan Nederlân. Der komt wol minder jild beskikber foar ynnovaasjes (ûndersyk en ûntwikkeling) as Nederlân wollen hie. Fan de 750 miljard euro út it koroanaferbetterfûns giet 28 persint nei Italië, hat premier Conte sein. Dêr is 127 miljoen euro fan in liening en 81 miljard wurdt as subsydzje takend.

De lieders kamen om 05.15 oere koart yn de plenêre seal byinoar. Om 06.00 oere joegen foarsitter Michel fan de Europeeske Ried en foarsitter Von der Leyen fan de Europeeske Kommisje in parsekonferinsje. “It is in goed akkoart, it is in sterk akkoart en it is it bêste akkoart foar Europa”, sei Michel. Moandeitejûn kaam er mei in nij ûnderhannelingsfoarstel, dêr’t de hiele nacht drok oer rekkene en ûnderhannele is. Premier Rutte neamde it op in parsekonferinsje in “omfangryk en goed pakket, dêr’t de Nederlânske belangen goed yn boarge binne.”

Yn it akkoart is no fêstlein dat lannen hieltyd oansprutsen wurde kinne op de ôfspraken dy’t makke wurde foar’t se jild krije. De ôfrûne dagen waard in protte redendield troch de Europeeske lieders. It like der it ôfrûne wykein noch op dat se hielendal net ta in akkoart komme soene.

july 21, 2020 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.