Adam en Eva en de skjinmakkers

july 19, 2020 07:00

Oertinking

Trije jier ferlyn promovearre Jorcho van Vlijmen oan de Universiteit fan Nimwegen op in tige nijsgjirrich ûndersyk ta doktor yn de teology. Hy neamt it in teologyske analyze fan de ûnsichtbere skjinmakker. Ferrassend dat in teolooch him dwaande hâldt mei de posysje fan de minsken dy’t ús kantoaren, sikehuzen en stasjons skjinhâlde.
Syn oanpak mei ek bysûnder neamd wurde. Sa hat er sels in oantal wiken as skjinmakker oan it wurk west. As teolooch ferbynt er dy ûnderfiningen mei it ferhaal oer Adam en Eva yn it paradys.

Skjinmakkers blike harren wurk bysûnder serieus te nimmen. Sa nimme se geregeld sels skjinmakmiddels mei fan hûs. Oaren litte harren man lâns komme om mei te helpen. Se fine harren wurk wichtich. Se skeppe ommers in romte dêr’t minsken de oare deis wer mei plezier oan it wurk kinne. Harren grutte frustraasje is dat dat net sjoen wurdt. Sa kinne minsken bygelyks sûnder neitinken mei smoarige skuon sa mar oer in krekt dweilde flier banjerje.

Van Vlijmen brûkt it ferhaal fan it paradys en hoe’t Adam en Eva dêrút ferdreaun wurde om helder te krijen wêr’t dat gebrek oan respekt wei komt. Dat wy út it paradys ferdreaun binne, betsjut dat we sels ferantwurdlikens drage foar in bepaalde oarder om ús hinne.
Dochs miene wy westerske minsken foar ússels in plak claime te kinnen dêr’t troch oaren, dy’t ûnsichtber binne, soarge is foar paradyslike omstannichheden. We ha it sa goed as minsken it noch nea hân ha en fine dat min of mear fanselssprekkend. Yn sa’n klimaat bliuwe dejingen dy’t foar dy paradyslike omstannichheden soargje ûnsichtber.
Salang’t Adam en Eva net fan de beam iten ha, is it paradys foar harren min of mear fanselssprekkend. Dat God dêrfoar soarget ûntgiet harren. Krekt sa’t bern gjin each ha foar de ynspanningen fan harren âlden. Mar as se ien kear fan de beam iten ha, gean har de eagen iepen. Se sjogge dat se neaken binne. Oant dan ta soarge God. Fan no ôf oan binne se sels ferantwurdlik.

Skjinmakkers bliuwe ûnsichtber, om’t wy miene in plak claime te kinnen dêr’t alles op oarder is, in paradys. Oaren moatte soargje dat alles der spic en span hinne leit. Dan kinne wy ús mei wichtiger saken dwaande hâlde. Undertusken smite we healfolle bekers kofje yn de papierkoer en feie we de krommels fan ús bôle op de flier.
It paradysferhaal kin ús leare realistysk te wêzen. We libje net mear yn it paradys. Dat der in bepaalde oarder is is net fanselssprekkend.

Salang’t we dat net sjogge, bliuwe skjinmakkers ûnsichtber. En dy fertsjinje better. Net allinnich in goed lean, mar foaral ús respekt.

It is wer fakânsjetiid. By útstek in tiid dêr’t we fan ferwachtsje wer even thús te kommen yn it paradys. Mar ek de fakânsje is gjin paradys. Dus stean op fakânsje ek ris efkes stil by de minsken dy’t de wc’s by de autobaan lâns en op de camping skjinhâlde, of by dejingen dy’t alle dagen dyn hotelkeamer op oarder bringe.

ds. Adri Terlouw, Dronryp

july 19, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.