Achtdielige podcast oer de fal fan Srebrenica

july 1, 2020 08:49 Fernijd

Tsjûgen fertelle: wat barde der 25 jier lyn yn Srebrenica

In mislearre fredesmissy, 8000 manlju en jonges dy’t fermoarde binne en traumatisearre soldaten. Wat barde der yn Srebrenica yn july 1995? Sjoernalisten Marjolein Koster (1990) en Misha Melita (1991) wiene beide bern fan fjouwer jier op it stuit fan de fal fan Srebrenica. Se sjogge glêzige blikken by harren leeftydsgenoaten as it oer dy Bosnyske stêd giet. Yn de podcast ‘De val van Srebrenica’ folgje se de barrens yn Srebrenica fan 25 jier lyn yn acht ôfleveringen oan ’e hân fan de ferhalen fan de minsken dy’t derby wiene. Fan 6 july ôf alle dagen in nije ôflevering op www.nporadio1.nl/podcasts/de-val-van-srebrenica.

Ofbylding: NTR

Begjin njoggentiger jierren is it oarloch yn Bosnië. De ferskate befolkingsgroepen binne it net mei-inoar iens oer de takomst fan harren lân. Der is safolle geweld, dat de Feriene Naasjes beslút om yn te gripen en Srebrenica oanwiist as feilich gebiet. Nederlân stjoert militêren dy’t derfoar soargje moatte dat de Bosnyske Serven it stedsje en de minsken gewurde litte. Mar de Nederlânske soldaten kinne de genoside dy’t yn 1995 útfierd wurdt net ferhoedzje.

25 jier werom yn ’e tiid
Srebrenica wurdt sjoen as de slimste died fan genoside yn Europa sûnt de Twadde Wrâldoarloch. Nei Srebrenica seine we: “Dit nea wer.” Mar as wy fan ús skiednis leare wolle, moatte we dy wol kenne. Ut ûndersyk docht bliken dat jonge minsken yn Nederlân (<35 jier) net folle witte oer de genoside yn Srebrenica. Dêrom dogge de makkers fan de podcast in stap werom yn ’e tiid om it ferhaal fan de stêd fan it begjin ôf te fertellen. Wat barde der no eins yn dy tragyske wike, presys 25 jier lyn?

july 1, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.