Aant Mulder: Tusken de ierappels en de brij

july 7, 2020 06:57

Kollum

De ierappel is de lêste tiid aardich yn it nijs. Ik bedoel fansels, dat we der gauris oer lêze en hearre kinne. It is gjin aardich nijs, dat net. De koarte gearfetting soe wêze kinne dat we de lêste tiid te folle, fierstente folle ierappels ha; gefolch fan de koroanakrisis. Ierappels wurde ta feefoer en fan en ta binne der aksjes dat minsken fergees of foar in pear sinten op guon plakken ierappels ophelje kinne. Dat hat alles te krijen mei it feit dat de hoareka net folle ierappels en benammen net folle patatierappels nedich hat. Wy moatte mar hoopje dat soks mei gauwens wer feroaret. Likegoed soe it goed wêze en tink ris nei oer wat we no en yn de takomst mei al dy ierappels wolle.

Wy ha no te folle, dat is dúdlik. Der ha ek tiden west dat we te min hiene. Ik tink oan de tiid om 1850 hinne, doe’t we foar de earste kear te krijen hiene mei in ierappelsykte. Dat late ta hongersneed. It duorre skoften foar’t de boeren dy sykte troch it spuitsjen mei kopersulfaat de baas waarden. Sûnt hat bliken dien dat ierappels in protte lêst ha fan sykten. Dat betsjutte dat foarsichtich omgien wurde moat mei grûn en wetter, mar dat ek spuite wurde moat mei gif om parasiten, luzen en oar ûnrant op distânsje te hâlden. It sil dúdlik wêze: wat mear ierappels wy bouwe, wat grutter dy problemen wurde. Setters ha dêr krekt wat minder lêst fan as gewoane ierappels en dêrom wurdt ek ynset op setters.

Bloeiende ierappelplant (foto Aant Mulder)

Ierappels binne ús sa eigen, dat we ús net foarstelle kinne dat der in tiid sûnder ierappels west hat. En dochs is dat sa. Doe moasten we it dwaan mei fleis en fisk, earte en beane, bôle en bier. De ierappel komt út Súd-Amearika. Dat koe pas nei’t Columbus dat gebiet ûntdutsen hie. Dat wie oan de ein fan de midsiuwen. It hat likegoed skoften duorre foar’t begrepen waard dat de giftige plant knollen hie dy’t goed iten wurde koene. Healwei de 18de iuw kaam dy plant as pomme de terre diskant út. Te uzes waard dy pant fansels ierappel neamd. It waard it folksiten by útstek, op syn bêst noch ôfwiksele mei earte en beane of pankoeken. Yn de praktyk kaam it lykwols gauris del op ierappels en brij. Wy ha net om ’e nocht de siswize ‘tusken de ierappels en de brij’ as guon dingen efkes gau en hurd dien wurde moatte.

It hat likegoed skoften duorre foar’t begrepen waard dat de giftige plant knollen hie dy’t goed iten wurde koene.

Dy tiid is wol wer foarby. Wy ûntdutsen de sinees, de pizzeria en ieten dy gerjochten ek rillegau thús, folge fan in grut ferskaat oan pasta’s en iten út oare lannen wei, wylst ús ierappels en dan benammen de setters krekt wer nei dy oare lannen ta eksportearre wurde. Dêr begûnen de swierrichheden mei. Yn dizze koroanatiid koe der eins hast neat mear eksportearre wurde. Dêr kaam dus by dat patatsaken en restauranten gjin ierappels en benammen gjin patatierappels mear hoegden. It sil foar in part en faaks hielendal wol wer goed komme, mar men kin jin ôffreegje oft we dat eins wol wolle moatte. Faaks soene wat minder ierappels, dy’t wat miljeufreonliker boud wurde, net ferkeard wêze. Hawar, dat lit ik fierder mar gewurde. Dêr ha ’k te min doel oer.

Dat de ierappel folksiten waard, kin moai oan de taal ôfsjoen wurde. Dy pommes de terre waarden net allinne jirpels, mar ek ierappels, earpels, earappels, ierpels, jerappels of rjappels neamd. Dat ik no jirpels sis en ierappels skriuw, hat te krijen mei de foarkarstavering fan 2015. Dêr ha se ierappels foar kar nommen, wylst ik dus altyd ‘jirpels’ yt. It is net oars.
Der binne ek aardich wat gearstallingen mei it wurdsje ierappel. Yn it Frysk Hânwurdboek kom ik op sa’n fiif kolommen mei gearstallingen. Dat is net neat. Fansels binne der ek aardich wat útdrukkingen dêr’t ierappels yn foarkomme. Ik neam: tusken de ierappels en de brij. Mar der binne mear. Dêrom noch in pear foarbylden:
– Drokte meitsje om in kâlde ierappel (drokte meitsje om neat)
– Lytse ierappeltsjes ite moatte (sunich wêze moatte, yn ’e krapte sitte)
– In minske is gjin ierappel (in minske hat gefoelens, behoeften)
– Drûge ierappels ite (sûnder fet, fleis of spek)
en helte slimmer:
– Ierappels mei it bleate gat ite (ierappels sûnder fleis of griente derby)

Dat oer de taal. De ierappels sels binne ek wer hieltyd oars. It liket wol oft elke streek syn eigen ierappel hie en dat elke ierappeliter in kenner wie. Ik neam mar wer in pear foarbylden: Biltstar, Bintsjes, Dorees. Earstelingen, Eigenheimers of Borgers, Irene’s, Opperdoezer rond, Reade Star, Wâldgieltsjes. It binne der mar in pear. Yn België en Nederlân wurde sa’n 200 soarten boud, wrâldwiid 4000.

Ierappelfjild (foto Aant Mulder)

As ik werom tink oan ús thús, dan kaam it krekt as it om ierappels gie. De kleur, de smaak en se moasten benammen blommich wêze (útinoar falle dus). Fan sokke ierappels waard ornaris in winterfoarried ynslein. De ierappels kamen yn de kelder ûnder it bedstee en dy moasten op foar’t it oare jiers de nije ierappels op tafel kamen. Wilich of net, spruten of net, se moasten op. Dat wie eins ek wol logysk foar wa’t wolris ierappels mei it bleate gat ite moast.

Noch twa siswizen ta beslút.
– Der binne mar twa dingen yn ’e wrâld dy’t in man sels útsykje moat: in ierappel en in wiif. Dy is wol dúdlik, al soene we dat sa no net mear sizze.
en:
– De domste boer hat soms de grouste ierappels (domme minsken ha soms mear sukses as minsken mei talint).

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 ju yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 7, 2020 06:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.