Aant Mulder: Sneon en snein

july 28, 2020 07:00

Kollum

It sil wol komme om’t it fakânsjetiid is, om’t we it mei-inoar wat minder drok ha en om’t we dêrom wat mear tiid ha foar prakkesaasjes, dat ik samar ynienen oan de tiid sels tink. Wy ha de tiid kreas yndield yn moannen, fearnsjierren, wiken en dagen. De moannen en de dagen ha nammen krige dy’t we faak en folle brûke as yn drokker tiden it bûsboekje ús libben suver wer bepaalt. Dy nammen fyn ik wol nijsgjirrich.

As we de nammen fan de moannen besjogge, dan is daliks wol dúdlik dat der eins gjin ferskillen binne tusken de nammen fan de moannen yn it Hollânsk en it Frysk. No ja, wy skriuwe se wat oars en de útspraak is net hielendal gelyk. Dat de nammen op deselde betsjuttingen weromgeane, hoech ik net út te lizzen. Dat is sa wol dúdlik. ‘Januari’ en jannewaris binne nei de Romeinske god Janus neamd. De oare moannen binne ek nei goaden en goadinnen neamd en oars wol nei in keizer of getallen. Dat dy nammen hast gelyk oaninoar binne, sil mei fan gefolgen hân ha dat we graach dy oare nammen brûkten. Ik bedoel: foarmoanne, sellemoanne en sa fierder. Sokke Hollânske nammen binne der ek, mar dy ferskille krekt wat mear fan de Fryske. De foarmoanne is ommers ‘louwmaand’ en de sellemoanne is ‘sprokkelmaand’. Hjoed-de-dei wurde dy nammen lykwols net folle mear brûkt.

De dagen fan de wike binne yn it Hollânsk en it Frysk ek hast hielendal gelyk oaninoar. No ja, krekt as by de moannen skriuwe we se wat oars en de útspraak is ek net hielendal gelyk. ‘Maandag’ en moandei komme beide op itselde del. Beide ha de namme oan de moanne te tankjen. Dat is foar de oare dagen fan de wike eins net oars. It giet oer goaden, oer sinne en moanne. Diskear binne der wol in pear wat lytsere en gruttere ferskillen, dy’t aardich binne om efkes te besjen. It giet om de lêste trije dagen. Dy misse it wurdlid ‘dei’. ‘Vrijdag’ en freed ha beide Freija as nammejouster. Sneon en snein foarmje in nijsgjirrich wurdpear, alteast yn it Klaaifrysk. Yn de Wâlden prate se fan saterdei of saterje en dat is dúdlikernôch itselde as ‘zaterdag’ mei Saturnus as nammejouwer. Dat lit ik gewurde.

Ik bin nijsgjirrich nei sneon en snein, dy’t tegearre de sneinoer foarmje. Dat is in prachtich wurdpear dat aldergelokst noch net ûnder ynterferinsjes te lijen hat. Dat wurdpear mei begjinrym wurdt alle wiken ek troch de LC brûkt as namme foar de wykeinbylage fan dy krante. It is tagelyk foar net mei it Frysk opbrochte kursisten in lestich wurdpear as it om útspraak en betsjutting giet. Wat is it iene en wat it oare? Sa’n sterk wurdpear is lestich oan te learen, mar stiet as in hûs!

Koart gearfette: sunnaven en sunnandei waarden sneon en snein,
de jûn foar de snein en de snein.

No de betsjutting. Soe sneon wat oars of dochs itselde betsjutte as zaterdag/saterdei en dus ek fan Saturnus ôflaat wêze? Saturnus wie de Romeinske god fan de Lânbou. Sneon komt fan it Aldfryske sunnaven. Dat waard sunne-joun, sinne-jûn, ‘snjoen’ en sa sneon, dat gewoan in gearlûking fan de eardere foarmen is. Dat betsjut dat it giet om de jûn, de sinnejûn, dat is de jûn foar de sinnedei en dat is fansels de snein. Dy namme hat dus neat mei Saturnus te krijen. Sa besjoen komme ús sneon en it Dútske Sonnabend mei in dúdlik oare betsjutting as ‘zaterdag’ op itselde del.

De snein heart der hielendal by. Dy foarm giet werom op sunnandei (sinnedei) en fia gearlûking waard dat snein, dat dus dúdlik itselde as ‘zondag’ betsjut. Koart gearfette: sunnaven en sunnandei waarden sneon en snein, de jûn foar de snein en de snein. Dat sinnejûn ‘de jûn foar’ is, dat is net in frjemde konstruksje. Dy komt faker foar. Ik tink oan Sinteklaasjûn, de jûn foar Sinteklaas en oan krystjûn, de jûn foar Krysttiid. Sa hiene we ek maaiejûn. Dat wie de jûn foar âlde maaie, de dei dat arbeiders fan boer feroaren en gauris ferfarre moasten. Taalkundigen ha yngeand ûndersyk dien. Dat de útkomsten sille doge. Der is lykwols ek in ferhaal dat Bonifatius fan dy Romeinske god en dus fan Saturnusdei ôf woe en dêrom sunnaven dat sneon en Sonnabend fan gefolgen hie, beklamme. It iene hoecht it oare net út te sluten. It strykt wol moai mei it feit dat allinne yn ús omkriten en yn it noarden fan Dútslân sneon/Sonnabend foarkomme en fierder nearne.

boarne: Wikimedia Commons

Ta beslút neam ik noch wat nijsgjirrige siswizen oer sneon en snein. Ik begjin fansels mei de sneon. Alle dagen sneon en alle sneonen maaie. Dat wurdt sein fan húsfroulju dy’t ôfgryslik skjin binne. De sneon wie de dei om foar in wike te himmeljen. Dat waard sneonzjen neamd. Dat sneonzjen koe sels op freed dien wurde. Maaie wie de moanne om foar in hiel jier te húshimmeljen. Dat hat grif wer te krijen mei de earder neamde âlde maaie.

Oer de snein bestean ek moaie siswizen en útdrukkingen. As der sân sneinen yn in wike komme. Dat krigen bern noch wolris te hearren as se dingen fregen, dêr’t nea wat fan komme koe of soe. En as men earne hielendal net wolkom wie, koe men sizze dat men sa wolkom wie as de earste snein yn ’e fêste. Fan guon minsken waard ek wol sein dat dy harren frommens mei de sneinske klean yn it kammenet burgen. Dy is wol dúdlik, tink ik. As it earne drok om en ta gie, koe sein wurde dat it der sneins om troch gie. En fansels sneins prate! Hollânsk prate! Sneins en deis betsjut altyd. Ik hoopje no mar dat jimme net sneins en deis sneins prate!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 25 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 28, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. LB july 29, 07:07

    It is hieltyd wer in fnit om dyn stikjes te lêzen, Aant. Dizze is ek wer o sa nijsgjirrich. Libbet dit fokabulêr noch yn Fryslân? It is ryk Frysk! Ien opmerking: âldfrysk foar avond wie ēwund as it my net mist. Lútsen

  2. LB july 29, 09:20

    Oanfoljend: dêrfandinne yn it Hylpersk ‘iend’ foar ‘jûn’ en ‘sniend’ foar ‘sneon’. Ek ynteressant binne de oare dagen fan ‘e wike yn it Hylpersk: sende mende tiisde waansde toansde fride sniend. Sa sjogge we in âlder stadium fan it Frysk dat jitte libbet!

  3. Foarm july 29, 15:25

    It âlde ‘snjoen’ wat hjirboppe neamd wurdt is yn ‘e Skiermûntseacher taal: snieuwn, wat suver deselde útspraak hat. It eilauners fan Skiermûntseach lyket lykas LB as seit mear op it âldfrysk.
    Snein is dêr ‘snaun’ en fyn ik wat muoiliker werom te bringen op sunnandei. En fieders brûke se gjin woansdei mar ‘midswyk’. De rest fan e dei nammen binne makliker te fergelykjen mei it Frysk en sneins.

    Moai stik wer hear Aant, meastentiids tige nijsgjirrich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.