Aant Mulder: Simmerskoalle foar Frysk

july 14, 2020 07:00

Kollum

De lêste jierren komme simmerskoallen hieltyd faker yn byld. Fan ’t jier hat de gemeente Súdwest-Fryslân ek sa’n simmerskoalle regele foar de learlingen út de heechste groepen fan de basisskoallen yn dy gemeente. De bern fan de skoallen fan Proloog yn Ljouwert ha dy mooglikheid al langer. Dêr kinne no fan ’t jier net allinne bern út de hegere, mar ek út de legere groepen fan basisskoallen terjochte. Wat dy skoallen dogge, dogge skoallen foar fuortset ûnderwiis ek. It giet my lykwols earst en meast om de basisskoallen. Op dy simmerskoallen wurdt in protte omtinken jûn oan rekkenjen en taal, om de efterstannen op dat mêd yn te heljen. It learen wurdt ornaris kombinearre of ôfwiksele mei nijsgjirrige en ûntspannende aktiviteiten. It meidwaan oan simmerskoallen is faak fergees. Gemeenten en oare ynstânsjes betelje.

Myn partikuliere simmerskoalle (foto Aant Mulder)

Dat in simmerskoalle fertuten docht, ha’k ferline jier sels ûntdutsen. In pakesizzer dy’t fan groep 6 nei groep 7 gie en dy’t hiel aardich meikomme kin, hie it by it fak rekkenjen wat sitte litten. Foar myn gefoel hie se in pear oplossingsmetoaden net goed meikrige. Oars hie se net hieltyd deselde flaters makke. It famke wie teloarsteld en pake betocht wat. Dy sei dat er yn Fryslân in hiele aardige simmerskoalle wist dêr’t op yndividuele basis in protte omtinken oan rekkenjen jûn waard. Ik sei dat se út Almere wei wol yntern moast, mar dat dat wol regele wurde koe. De rekkenlessen moarns soene ôfwiksele wurde mei edukative en rekreative aktiviteiten op de middei. It duorre efkes foar’t se yn ’e gaten krige wat ik bedoelde: “O, pake wol it my nochris útlizze.” Dat hie se goed begrepen. Dy simmerskoalle betearde poerbêst. It wie ek noch moai waar, dat it koe allegearre bûtendoar syn beslach krije. De wike waard ôfsletten mei in echte diploma-útrikking en dat jiers die bliken dat de efterstannen fan ’e baan wiene. It diploma hinget as in stille tsjûge op har keamer.

Dy ûnderfining en wat ik no oer simmerskoallen lês, makket dat ik in grut foarstanner bin. Allinne de simmerskoallen yn Fryslân soene Fryske simmerskoallen wêze moatte, om’t de grutste efterstannen fansels it earst oangrepen wurde moatte. Wat yn Fryslân de grutste efterstannen binne, dêr hoege we net lang oer nei te tinken. It moat op de Fryske simmerskoallen net earst en meast om rekkenjen en taal gean, mar om it Frysk. Dat fak komt oan ‘e krapperein. Ik lies krekt wer dat neffens it rapport ‘It is mei sizzen net te dwaan’ fan 2018 oan 67,5% fan de skoallen foar ien of mear kearndoelen fan it Frysk in foarriedige en parsjele ûntheffing ferliend is. Dy hoege dus net te dwaan wat se dwaan moatte soene.

Ik soe sizze:
Yn de haadplakken fan alle gemeenten in simmerskoalle foar it Frysk

De bern op dy skoallen leare it Frysk net goed en yn alle gefallen net folslein genôch om it goed te brûken. Ik wit dat dat yn 2030 allegearre goed komme moat, dat it dan besjen lije kinne moat. Likegoed wol dat mar min yn my del. It betsjut yn alle gefallen dat we oan 2030 ta Fryske simmerskoallen nedich ha, simmerskoallen, dêr’t it Frysk omraak omtinken kriget. Ik soe sizze: yn de haadplakken fan alle gemeenten in simmerskoalle foar it Frysk en dat dus oan 2030 ta. Ik tink dat der genôch materiaal foarhannen is om dat goed te dwaan. En oars moatte Afûk en Cedin der mar oer gear.

Ek ferdivedaasje (foto Aant Mulder)

Dy simmerskoallen moatte fansels ek fergees wêze. Dat betsjut dat de Provinsje en de gemeenten mei jild oer de brêge komme moatte. Ik neam de Provinsje as earste, want dy hat ommers besletten, dat efterstannen op it mêd fan ’t Frysk oan 2030 ta fuortbestean kinne. Fryske lessen, ôfwiksele fan Fryske aktiviteiten, it kinne prachtige en tagelyk learsume wiken wurde.

Ik tink net allinne dat der in protte belangstelling foar is, mar dat der grif ek fan alle kanten stipe komt om fan de Fryske simmerskoallen in sukses te meitsjen. Hawar in oprop yn in kollum is ien ding. Dat hearre of lêze jo en dat lizze jo wer nêst jo del. Dat begryp ik, mar der is neffens my ien ynstânsje dy’t dat net dwaan kin, mar mei dy simmerskoallen teset moat. Daliks! Dat is de Ried fan de Fryske Beweging. Ik begryp dat dy him stadichoan drok makket oer it diskriminearjen op taal. Dat dogge se mei rjocht en reden. Dat is goed. Tagelyk moatte de grûnen dy’t dy diskriminaasje mooglik meitsje, de efterstannen as it om it Frysk giet, fuortnommen wurde. Frysktaligen en Nederlânsktaligen yn Fryslân moatte gelyk oaninoar wêze en de Frysktaligen moatte de taseine rjochten gewoan brûke kinne.

De Ried hat neffens eigen sizzen aardich wat berikt yn de 75 jier fan syn bestean. Fan my hie it mear wêze mocht. Nei 75 jier wurdt it likegoed tiid om oare en nije wegen yn te slaan. De Ried moat opkomme foar Fryske simmerskoallen om diskriminaasje werom te kringen. Dat sil dit jier net mear slagje, mar it oare jier wol. De Ried moat sa gau mooglik mei de Provinsje om de tafel en dêrnei mei gemeenten en skoalbestjoeren, wylst Afûk en Cedin grif ek in rol spylje kinne. Ik sil der yn alle gefallen foar soargje dat dizze kollum it omtinken fan de Ried kriget. Dat moat slagje, want wêrom sit ik oars yn de Ried!

Wat soe it moai wêze as noch foar 2030 moai wat basiskoallelearlingen in basisskoallediploma Frysk op harren keamer hingjen ha, in diploma dat se gewoan op skoalle helje kinne of oars op de simmerskoalle!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 11 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 14, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Th. Dykstra july 15, 21:52

    In Fryske simmerskoalle om it systematysk efterstellen fan it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk te kompensearjen. In goed inisjatyf.
    Okkerdeis kaam nei oanlieding fan rasistysk geweld yn de USA nei foaren dat der yn it ûnderwiis sprake wêze kin fan ynstitúsjonele diskriminaasje as it om de hûdskleur giet.Oer datselde mar no by it Frysk wurdt net praat. It frjemde docht him no foar dat de Frysktalige bern yn Fryslân op in simmerskoalle mei in relatyf grutte efterstan yn de eigen taal ekstra lessen Hollânsk krije, wylst harren mooglike efterstân yn dy taal yn ferliking mei de eigen taal net folle foarstelt.

  2. Ed Knotter july 16, 13:55

    Leaver in simmerkamp as in simmerskoalle, seit Sineke Goorhuis en my tinkt mei rjocht. Der is noch in oar gefaar by it idee fan in simmerskoalle. Der kin maklik tocht wurde: it ûnderwiis yn it Frysk is te swak en te min, mar dat let neat; yn de simmerskoalle kin dat ommers wol wer ynhelle wurde. Struktureel wurdt it Fryske ûnderwiis der net better fan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.