Aant Mulder: Offredingen

july 21, 2020 07:00

Kollum

Yn dizze tiden fan koroana ha we hieltyd faker te krijen mei ôffredingen. Dat komt troch de ynstelde oardelmetermaatskippij. Op guon plakken wurdt dat oanjûn, troch strepen, sirkels, linten, pealtsjes en planken, kettingen, skermen, folle net genôch. Romten wurde ôffrede en ôfstannen oanjûn. Offreedzje, der ha tiden west dat soks net dien waard. Dan moatte we werom nei de midsiuwen. Doe wie mienskiplik besit (mandelân) hiel gewoan. Dêrnei kaam de tiid dat boeren bisten op eigen grûn hâlde woene en dat wylde bisten keard wurde moasten. Hjoed-de-dei belibje we nije tiden as it om ôffreedzjen giet. It giet net mear om bisten, mar om baktearjes. Sa binne we op mikronivo oankommen. Likegoed in aardige oanlieding om ris efkes werom te sjen.

Nei de midsiuwen ûntstie dus it ferlet om eigen hiem en lân ôf te freedzjen. Sûnt ha we in grut ferskaat oan ôffredingsmooglikheden krige. Om hûs en hear ha we hagen, stekken, sketten en muorkes. Om pleatsen en tsjerkhôven kamen beammantels. As it om stikken lân giet, en benammen dêr wer parten fan, dan ha we sûnt de 19de iuw stikeltried en wer letter skoktried. Foar dy tiid waard it yn natuerlike oplossingen socht. Dat wie yn ’e legere feangreide gebieten net sa’n heikarwei. Fearten en sleatten makket dat fee yn it lân bleau en dat oare bisten der krekt bûten holden waarden. Hoewol, dat slagge fansels net altyd. Hoe soene we oars oan it wurd ‘sleatsjerider’ komme. Dan ha we it oer in ko dy’t gewoan troch de sleat hinne nei de oare kant ta wâdet.

Op de hegere en drûgere grûnen moasten oare oplossingen betocht wurde en troch de iuwen hinne barde dat ek. Dêr sjogge we no de elzesingels, de hout- of beamwâlen, de túnwâlen, dy’t tagelyk wer troch datselde stikeltried en skoktried oerstallich wurden binne. Aldergelokst wurde dy âlde en natuerlike ôffredingen op in ferskaat oan plakken yn stân holden. Dat is goed foar de planten en bisten. It is ek goed foar ús. Wy kinne as bewenners fan de streek of as toeristen fan dy prachtige kûliselânskippen genietsje.

Túnwâl op Teksel (foto Aant Mulder)

As we fan leger nei heger geane, ha we fansels earst te krijen mei de sleatten en fearten yn it feangreidegebiet. Dy sleatten en fearten binne net allinne bedoeld om wetter ôf te fieren of om mei skouwen en preammen it needsaaklike ferfier te regeljen, mar ek om stikken lân ôf te freedzjen. Hieltyd faker waard it toeristysk farwetter. Sûnt de ruilverkavelingen is spitigernôch in grut ferskaat oan romantysk slingerjende sleatten en fearten mei barten, brechjes en brêgen ferdwûn. Dêr kamen diken foar yn it plak. Yn tiden fan avesaasje en skaalfergrutting koe dat fansels net útbliuwe.

Dêr sjogge we no de elzesingels, de hout- of beamwâlen, de túnwâlen, dy’t tagelyk wer troch datselde stikeltried en skoktried oerstallich wurden binne.

Tusken de feangreidegebieten en de legere sângebieten komme we rillegau oare ôffredingen tsjin, de elzesingels. Elzesingels steane gauris njonken ûndjippe sleatsjes en soargje sa yn ’e mande foar in goede ôffreding. It binne gjin hout- of beamwâlen. Dêr aanst mear oer. It binne ornaris in pear rigen elzen. Tusken dy beammen groeit gauris in ferskaat oan strewelleguod. Dat makket de elzesingels net allinne funksjoneel mar ek natuerlik. Sa wurdt it in prachtich plak foar planten en strewelleguod, foar ynsekten, fûgels en bisten.

Bekender binne fansels de hout- of beamwâlen yn de Wâlden, de echte kûliselânskippen. Dêr binne gjin fearten. De beamwâlen moatte it dwaan. Dêrom waard earst in brede wâl fan grûn opsmiten. Op dy wâl kaam in grut ferskaat oan beammen te stean mei in protte omtinken foar strewelleguod. De ôffreding moast ommers it fee yn it lân en oare (wylde) bisten der bûten hâlde. It wie dêrom hiel gewoan dat benammen toarnich strewelleguod yn dy houtwâlen groeide en bloeide. As beammen sjogge we faak iken, bjirken, kûtsebeien en hazzenuten; as strewelleguod: hagedoarn, krikel en hulst. De beamwâlen leveren tagelyk hout dat goed om hûs en hear brûkt wurde koe.

Yn Fryslân en dan benammen yn Gaasterlân wie noch in oare mooglikheid om stikken lân ôf te freedzjen. Dat wiene de túnwâlen. Likegoed komme dy túnwalen op oare plakken mear foar. Wy moatte dan tinke oan Teksel, Wieringen en Land van Vollenhove. Dat is gjin tafal. Fanâlds binne dat kriten mei balstienliem en hegere en drûgere sângrûnen.Der woe fierder troch de sâlte seewyn hast neat groeie. Der wie ek net folle hout om’t der net folle bosken wiene. Dat makke dat seadden stutsen en ta wâlen fan in meter breed en in meter heech steapele waarden. Dat slagge lykwols lang net altyd. Op dy hichten waard wer strewelleguod lykas dúndoarn, krikel en ikekaphout set. De namme túnwâl is nijsgjirrich. It docht tinken oan it wurd ‘tún’. Sa wurde se ek wol neamd: tunen. Dat betsjut dan eins mear de omheining as it stik lân. Dy âlde betsjutting fan tún fine we ek  werom yn it Dútske Zaun. De moaiste túnwâl te uzes fine we yn Gaasterlân op it Aldemardumer Klif. Wa’t dêrhinne giet, rint tusken de túnwâlen troch. Der moat ek ien op Elfbergen wêze, mar de nijste fine we yn Sybrandys Speel- en Natuurpark. Alteast dêr wurdt op dit stuit hurd wurke oan sa’n túnwâl.

Túnwâl by Aldemardum (foto Aant Mulder)

It is moai dat yn dizze tiden fan koroanemaatregels noch hieltyd omtinken is foar de âlde wize fan ôffreedzjen. Jaarsma fan dat Speel- en Natuurpark fertsjinnet kompliminten.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 18 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 21, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben july 21, 17:42

    Doe ik it wurd ôffredeingen sech , moast ik tinke wat yn de Kompenije eartiids bart is. By it freedsjen diene guon boeren ek wolris oan lândsjepik. Dan waarden de pealsjes in stikje omset op de gerjuchtichheid fan de buorman en as dat dan in pear bunder greide wie dan hiene se op it lêst in aardich bek fol fretten ekstra.
    Yn de kompnije krige in buorman dat troch en dus dikke rúzje.It gie safier dat iene de oare mei in skutterspeal bewusteleas sleach.Tiden hawwe tiden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.