5G okee of fuort dermei?
Resint ferskynd
Stjoermêsten dy’t yn ’e brân fleane, protesten op ’e dyk en sels politisy dy’t net witte hoe’t it no krekt sit. Wy krije yn Nederlân it nije mobile netwurk 5G, en tsjinstanners oppenearje har. Aardich, dat rappe mobile ynternet, stelle dy, mar net as it skealik foar de sûnens is.
Wat is 5G krekt? Wat kinne we dermei, en hawwe de tsjinstanners in punt? Presintators Elisabeth van Nimwegen en Dirk de Bekker besytsje elektrosensitiven dy’t sels harren meterkast beklaaid hawwe, technisy dy’t út de skroeven oer nije tapassings binne en wittenskippers dy’t wrakselje mei de krityk. Want ja, der binne rapporten dy’t neffens sizzen oantoane dat telefoanstrieling skealik is, yn elts gefal foar ratten. Mar mei dy ûndersiken blykt ek faak wat oan ’e hân te wêzen. Dat moatte wy wol of net noed hawwe? Sjoch it yn De Kennis van Nu.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje