41 sollisitanten foar boargemasterspost Skylge

july 13, 2020 09:03

Nei de funksje fan boargemaster fan Skylge meitsje 13 froulju en 28 manlju gading. De jongste fan harren is 43 en de âldste 63 jier. Tsien kandidaten binne lid fan de VVD, 5 fan it CDA, 5 fan D66, 5 fan GroenLinks, 4 fan in lokale partij, 3 fan de PvdA, 1 fan de CU en 8 binne net lid fan in politike partij.

De fakatuere ûntstie doe’t Bert Wassink dermei ophold om wethâlder yn Ljouwert te wurden. De nije boargemaster sil om 1 novimber hinne oan ’e slach kinne, tinkt kommissaris Brok. Dy hat út de gadingmakkers in seleksje makke dêr’t er op 10 july mei de gemeentlike fertrouwenskommisje oer praat hat. Dy kommisje kriget alle sollisitaasjebrieven ek te sjen en praat mei de selektearre kandidaten en bringt dêrnei ferslach út oan de ried mei in konseptoanbefelling.

De ried makket úteinlik út hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerried folgje yn harren foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster by Keninklijk Beslút.

july 13, 2020 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.