Foto (1)

july 27, 2020 09:53

De redaksje fan De Nije skreau yn syn temanûmer Lânskip & ekonomy (oktober 2019) in fotowedstriid út mei as tema ‘Lânskip en ekomomy yn byld’. Fiif fotografen stjoerden mei-inoar sechtjin foto’s yn. Yn it nûmer fan jannewaris 2020 binne de trije winnende foto’s ôfprinte. Yn it nûmer fan april 2020 steane fyftjin foto’s (de sechtjinde is te donker).

Yn de kommende wiken publisearret It Nijs dy fyftjin ek, te begjinnen mei de foto’s dy’t in priis wûn hawwe en dêrnei yn eigenwillige fochoarder de oaren. As de fotograaf in taljochting joech, komt dy derby te stean.

Hjoed de earstepriiswinner:

Yn ’e iere moarn @ Wieke de Haan (1e priis)

Taljochting fan de fotograaf
De kij weidzje moai yn it lân ûnder Ljouwert. Ien fan de earste kâlde moarnen: it wetter yn ’e sleatten is waarmer as de bûtenlucht en soarget foar in dize oer it lân. Yn ’e fierte raze de auto’s foarby, allegear ûnderweis nei it wurk yn ’e stêd. De kij wurde om bar molken yn de bûtenmelkerij.

july 27, 2020 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.