De Fryske Marren koprinner earmoedebestriding

july 8, 2020 19:26

boarne: pixaby.comAs earste gemeente yn Fryslân makket De Fryske Marren ôfspraken mei wenningkorporaasjes en de hierdersorganisaasjes om swierrichheden mei it hierbeteljen foar te kommen. De gemeente grypt dêrmei foarút op de nije Wet gemeentlike skuldhelpferliening (Wgs), dy’t gemeenten ferplichtet om fan 2021 ôf gear te wurkjen mei wenningkorporaasjes, nutsbedriuwen en soarchfersekerders.

De gemeente fernimt dat hieltyd mear minsken finansjele swierrichheden hawwe. Wethâlder Luciënne Boelsma: “Soms komt minsken wat oer dêr’t se it dreech troch krije om har te rêden of yn skulden belânje. Dat kin bygelyks troch it ferliezen fan wurk, troch skieding of sykte. De gemeente achtet it belangryk dat elkenien yn de maatskippij meidwaan kin. Skulden bringe net allinne stress en ûnwissichheid mei, se hawwe ek in grutte ynfloed op it wolwêzen fan de minsken. Wy binne dan ek bliid dat we troch gear te wurkjen te foaren komme kinne dat ús ynwenners yn de skulden reitsje, en grutsk dat we dêr yn Fryslân de earste mei binne.”

Better te gau as te let
Wenningkorporaasjes binne der foar minsken mei net al te folle finansjele earmslach. Accolade, Lyaemer Wonen en de hierdersorganisaasjes wie it amper of net hierbetelje kinnen dan ek altyd al in belangryk tema. Yn dizze tiid fan koroana en mei ekonomyske resesje yn it foarútsjoch wurdt it der grif net better op. “Troch gear te wurkjen kinne we de hierder better helpe. Dat stiet foar ús fêst. De ôfspraken binne makke en dêr binne we bliid mei”, seit direkteur-bestjoerder Aart Rekers fan  Lyaemer Wonen. “Wy witte út de praktyk datst der better te gau as te let by wêze kinst”, seit Rein Swart fan Accolade. “Foarhinne socht elk foar himsels om oplossingen. No besykje wy mei-inoar  de swierrichheden gau de kop yn te drukken. Better is it om se foar te kommen. Alle gefallen binne oars. Dat freget om oanpassingen. Mei-inoar besjogge we wat nedich is om immen te helpen. Dat we dat yn nauwe gearwurking dogge, sil wol logysk lykje, mar yn Fryslân is it dochs wol unyk.”

Ofspraken
De ôfspraken binne yn in útfieringsplan fêstlein. De organisaasjes wolle mei-inoar safolle mooglik de risiko’s by hierders te foaren komme en ferminderje. Betiid sinjalearje is in belangryk ûnderdiel fan de ôfspraken. Efterstannen mei beteljen wurde keppele. De gemeente ferstiet him mei hierders dy’t ferskillende efterstannen blike te hawwen. By it sykjen nei oplossingen is de gemeente regisseur en wurdt mei-inoar besjoen hoe’t mei yndividuele oanpassingen yn in situaasje holpen wurde kin. Bygelyks de hier op in oare datum ynbarre, ûnder betingst de hier tydlik ferleegje of nei in oare wente ferhúzje. Budgetcoaching is ek in mooglikheid. Yn yndividuele gefallen is der troch de bysûndere bystân en it gemeentlik earmoedebelied romte om mei de ynwenner ta goede (duorsume) oplossingen te kommen.

july 8, 2020 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.