Ynterfryske frouljusmoeting fan 9 o/m 11 septimber 2020

juny 23, 2020 08:55

Fan 9 oant en mei 11 septimber 2020 wurdt der wer in ynterfryske frouljusmoeting organisearre. Dat twajierlikse barren is diskear yn Breklum, Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein, Dútslân).

Underdiel fan it programma is it 50-jierrich bestean fan it Kreislandfrauenverband. Fierders wurdt in besite brocht oan it Nordfriisk Instituut yn Bredstedt en oan it Amsinck Haus yn Reussenköge en is der in stedskuier yn Husum. Mar fansels stiet it mei-inoar yn ‘e kunde kommen en útwikseling fan ûnderfinings én geselligens foarop. Sjoch foar it folsleine útwikselprogramma op facebook.com/fryskerie.

Der is noch plak foar froulju dy’t belangstelling hawwe om diel te nimmen. Oanmelde kin oant 30 juny 2020 by de Fryske Rie, fia e-mailadres sekretariaatfryskerie@gmail.com. Mear ynformaasje kin ek fia dat e-mailadres opfrege wurde.

De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. Fan West binne diskear ek de froulju fan it Westfries Genootschap yn Westfriesland (Noard-Hollân, Ned.) útnûge.

De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden. It foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje West (Westerlauwersk Fryslân) hat op it stuit it foarsitterskip oant 2021. Dêrnei nimt de Seksje Noard dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Oare moetings wurde jierliks of om de twa jier holden, lykas de frouljusmoeting. Dêrnjonken binne der ek noch oare gearkomsten foar beskate maatskiplike groepen en treffe de deistige bestjoeren en de oare bestjoersleden fan de trije seksjes inoar in kearmannich yn it jier.

Taheakke: Utnûging frouljusmoeting 2020.

juny 23, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.