Ynskriuwaksje werprintinge ‘Wadden Grimm’

juny 30, 2020 08:55

Ofbylding: Taalburo Popkema

Fanwegen in oerweldigjende ynteresse wie it nije mearkeboek Wadden Grimm. Sprookjes van Grimm in de eilandtalen (ein maaie 2020) yn in pear dagen nei ferskinen al útferkocht.

Op Amelân is, koördinearre troch Stichting De Ouwe Pôlle Ameland, daliks in yntekenaksje ûnder de befolking op tou set om in werprintinge fan it populêre boek mooglik te meitsjen. De lokale boekhannels binne ek opnij frege. It totaal oantal foarynskriuwingen fan 250 moat berikt wurde om in werprintinge mooglik te meitsjen.

Yn it boek – 216 siden, mei mearkleurige yllustraasjes en hurd kaft – steane fyftich mearkes yn fiif eilântalen: it Aasters, Meslânzers en Westers op Skylge, it Amelanners en it Skiermuontseagers. De mearkes binne oeset troch eksperts yn de eilântalen, meastal fan de eilannen sels. Noch noait earder ferskynde der sa’n grutte samling teksten yn de eilanner talen yn ien boek.

Ofbylding: Hilda Groenesteyn

juny 30, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.