Ynskripsje út 1614 fûn yn earder stedhûs Boalsert

juny 29, 2020 09:29

By de ferbou fan it eardere stedhûs fan Boalsert ta kultuerhistoarysk sintrum De Tiid, is yn ien fan de balken fan de souder boppe de riedseal de tekst fûn dy’t stedstimmerman Abraham Jacobs dêr yn 1614 yn fike. It bestean fan de tekst wie al yn 1895 bekend, allinnich it krekte plak derfan net. By it demontearjen fan parten fan de flier foar it reparearjen fan de balken, is dy no foar ’t ljocht kommen.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Lang waard oannommen dat Jacob Gijsberts, de heit fan Gysbert Japicx, de ûntwerper fan it gebou wie. Geandewei kaam it besef dat, hoewol’t hy wol in wichtige rol spile hat, it gebou it resultaat is fan in boukollektyf. Abraham Jacobs waard ynskeakele as timmerman. Hy wie sa grutsk op syn wurk dat er op 30 desimber 1614 yn ’e balke fike: ‘Abraham Jacobs, stadt timmerman ende meister van dit werck. Anno 1614 12/30’.

It riedhûs waard boud yn de jierren 1614-1617. It ferfong sa’t tocht wurdt it eardere stedhûs dat op dat plak stie. Op it stuit wurdt it ferboud ta kultuerhistoarysk sintrum. Nei alle gedachten wurdt it folsleine projekt dit jier oplevere. De Tiid sil yn 2021 yn gebrûk nommen wurde.

juny 29, 2020 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.