Winners maitiidsedysje fotowedstriid It Fryske Gea bekend

juny 26, 2020 13:08

Earste priis ‘Bepareld’

Mei de bekroaning fan trije foto’s is it twadde seizoen fan de jubileum-fotowedstriid Kiek’es! fan It Fryske Gea ôfrûne. Winner is Noortje Russel út Boyl mei ‘Bepareld’. Sy mei in wykein nei in húske fan Buitenleven Vakanties. Isabelle Cornet krige de twadde priis mei ‘In de vroege ochtend’ en Ron Meijer de tredde mei ‘Ochtend aan zee’.

It Fryske Gea bestiet dit jier 90 jier. De natuerbeskermingsorganisaasje nûget besikers fan syn natuergebieten út om harren moaiste foto’s mei oaren te dielen. Hûnderten makken dêr gebrûk fan.

Fak- en publykssjuery
De faksjuery mocht it grutte tal ynstjoeringen tebekbringe nei tsien nominaasjes. “It wie gjin maklike opdracht. Der wiene folle mear ynstjoeringen as yn it foarige seizoen en de kwaliteit wie tige heech. Ut de werklik geweldich moaie foto’s mochten we mar tsien nominearje en dat is úteinlik slagge!”, sei sjuerylid Anton Huitema. Dêrnei koe it publyk online op de tien nominaasjes stimme. Noortje Russel krige de foarkar mei 131 stimmen.

Nij seizoen
It tredde seizoen in ûnderwilens begûn: de simmer! Huitema: “Oan de foto’s is gewoan te sjen dat de makkers derfan fan de natuer genietsje. By guon foto’s is it krekt as kin men de natuer oanreitsje, sa skerp, sa moai fan kleur, sa natuerlik. Sûnder mis dat wy de folgjende perioade ek wer mei alle wille beoardielje!”
Wa’t in unyk simmermomint ynstjoere wol, kin dat oant en mei 6 septimber sels op www.itfryskegea.nl/kiek-es sette.

Twadde priis ‘In de vroege ochtend’

De hjerst komt ek noch oan bar. Fan 7 septimber ôf kinne dy foto’s ynstjoerd wurde. Ofgeande op de tanimmende belangstelling foar fotografearjen yn de natuer, ferwachtet de sjuery yn it lêste seizoen fan de jubileumwedstriid ek wer in soad ynstjoeringen.

Tredde priis ‘Ochtend aan zee’

juny 26, 2020 13:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.