Wer in waarrekord ferbrutsen!

juny 3, 2020 19:46

It is amper mear nijs te neamen as der wer in waarrekord ferbrutsen wurdt. Jier op jier, moanne op moanne, wike op wike wurdt wol earne te witten dien dat it waarmer, kâlder, droeger, wieter of wit wat oars west hat as ea tefoaren. Dat it klimaat feroaret, kin ien mei sûn ferstân dan ek net mear úthâlde, soe men sizze.

De Nederlânske maityd fan 2020 is ek wer sa’n foarbyld. De sinne hat yn de moannen maart, april en maaie 805 oeren skynd. De trochsneed is 517 oeren, metten sûnt 1901. It âlde rekord wie fan 2011, doe’t de sinne 743 oeren lang skynd hat. Dat docht it KNMI te witten.

In sinnerekord dus, foar de maitydsmoannen fan 2020. Droech wie dy rite allyksa. It wie noch gjin rekord, mar mei 77 millymeter delslach sieten de ôfrûne trije moanne fier ûnder de langjierrige trochsneed fan 172 millymeter.

Flinke regionale ferskillen wiene der ek. Den Helder hie mei 848 oeren de measte sinne, wylst de regio Twinte net fierder kaam as 752 oeren.

Opfallend is dat der net in soad opfallend waarme dagen wiene. De temperatuer kaam mar ien kear boppe de 26 graden út. Wol wiene der navenant in protte dagen mei in temperatuer boppe de 20 graden. It hat fan ‘t maityd tolve kear ferzen en dat is normaal.

juny 3, 2020 19:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.