Waarpraatsje: Waarme oant tige waarme wike

juny 21, 2020 17:41

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreas wykein krije wy in wike mei waarm oant tige waarm waar. Op guon plakken kin it tropysk wurde.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten oant westen. It wurdt 12 graden.

Moandei skynt de sinne flink, mar der komme letter, nei alle gedachten, ek hingelwolken. By in matige westewyn leit de temperatuer om de 21 graden hinne.

Fan tiisdei ôf wurdt it waarm oant tige waarm mei in soad sinne. It bliuwt boppedat oant it wykein drûch.

Jan Brinksma

juny 21, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.