Waarpraatsje: Waarm oant tige waarm

juny 24, 2020 18:46

Sicht op DE-fabryk, De Jouwer; foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in prachtich moaie en waarme simmerdei mei yn it grutste part fan Fryslân temperatueren boppe de 25 graden. Tongersdei wurdt it noch wat waarmer.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. By in swakke eastewyn wurdt it net folle kâlder as 15 graden.

Tongersdei skynt de sinne wer bûtenwenstich, mar letter op ‘e dei kinne der wol wat hingelwolken ûntstean. De wyn komt út it easten en is matich. De temperatuer leit om de 28 graden hinne.

Freed is it ek noch tige waarm. Fan sneon ôf sil it minder waarm wurde mei kâns op in (tonger)bui.

Jan Brinksma

juny 24, 2020 18:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.