Waarpraatsje: Tiisdei simmer

juny 1, 2020 19:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze en waarme Twadde Pinksterdei, mar op guon plakken hie de sinne it troch de hege bewolking wol dreech. Tiisdei wurdt it simmersk waarm.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar der is ek hege bewolking. By in swakke eastewyn wurdt it 11 graden.

Tiisdei skynt de sinne flink, mar der is op ‘e nij hege bewolking. De wyn is swak en komt út it easten oant súdeasten. De temperatuer leit tusken de 22 en 26 graden.

Woansdei is it ek noch frij waarm, fan tongersdei ôf wurdt it in hiel stik frisser en is der kâns op rein.

Jan Brinksma

juny 1, 2020 19:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.