Waarpraatsje: Tanimmende kâns op tonger

juny 25, 2020 19:20

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in hiel waarme dei. Op in soad plakken in Fryslân waard it hast tropysk (30 graden of heger). Freed is it ek noch tige waarm, mar de kâns op in tongerbui nimt ta.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder. By in swakke oant matige eastewyn wurdt it mei 17 graden in soele nacht.

Freed skynt de sinne earst flink, mar yn ‘e rin fan ‘e dei rekket de loft stadichoan berûn en yn ‘e jûn soe der in (tonger)bui opsetten komme kinne. De wyn komt út it súdeasten en is matich. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it súdwesten. De temperatuer leit om de 29 graden hinne. It wurdt boppedat foar it gefoel brodzich.

Yn it wykein wurdt it ritich en minder waarm, mei kâns op (tonger)buien.

Jan Brinksma

juny 25, 2020 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.