Waarpraatsje: Simmersk wykein

juny 19, 2020 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie al wer in soele simmerdei, mar hielendal drûch bleau it yn Fryslân net. Wy krije in simmerwykein mei noch wol kâns op in bui.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. De wyn komt út it súdwesten en is swak. By de kust lâns stiet in matige westewyn. It wurdt 12 graden.

Sneon skynt de sinne earst flink, mar letter komme der ek hingelwolken en in inkelde bui is net hielendal útsletten. By in matige westewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. De sinne skynt sa út en troch, mar der is ek noch hieltyd kâns op in bui. By in matige súdwestewyn wurdt it goed 20 graden.

Takomme wike wurdt it stadichoan waarm oant tige waarm simmerwaar. It bliuwt boppedat drûch.

Jan Brinksma

juny 19, 2020 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.