Waarpraatsje: Simmer op in sydspoar

juny 30, 2020 18:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is ritich waar wurden en dat bliuwt it foarearst ek. Waarm simmerwaar mei in soad sinne is net oan ’e oarder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en der kin sa út en troch wat reinwetter falle. By in matige súdwestewyn wurdt it 14 graden.

Woansdei is de loft berûn en kin it opnij sa út en troch (wat) reine. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der ek noch kâns op wat sinne. De súdwestewyn is swak oant matich en de temperatuer leit om de 18 graden hinne.

Nei woansdei bliuwt it ritich mei oerdei in graad as 20.

Jan Brinksma

juny 30, 2020 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.