Waarpraatsje: Simmer

juny 22, 2020 19:14

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze moandei mei in noflike temperatuer krije wy no oant it wykein waarme oant tige waarme dagen.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. By de kust lâns stiet wat mear wyn út it suden oant súdeasten. Mei 11 graden is it noch in ‘frisse’ nacht.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. Yn ‘e middei kin de swakke oant matige wyn by de kust lâns fan see komme. De temperatuer leit tusken de 23 en 26 graden.

Woansdei en tongersdei wurde waarme oant tige waarme dagen mei in soad sinne. Simmer!

Jan Brinksma

juny 22, 2020 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.