Waarpraatsje: Rein

juny 3, 2020 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei noch in noflike dei, mar geandewei kaam der mear wyn en waard it stadichoan wat frisser. Fan tongersdei ôf krije wy hiel oar waar. It bliuwt foarearst sûnt lange tiid gjin dei drûch.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei rekket de loft hielendal berûn. De noardwestewyn is swak oant matich. By de kust lâns stiet earst mear wyn. It wurdt 11 graden.

Tongersdei is de loft berûn en yn ‘e rin fan ‘e dei kin it sa út en troch wat reine of falle der inkelde buien. De noardwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.

Nei tongersdei bliuwt it ritich en oan de frisse kant. Der falle boppedat geregeld buien. Goed nijs foar de túnkers, boeren en bouboeren.

Jan Brinksma

juny 3, 2020 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.