Waarpraatsje: Oergong nei waarm, mar ritich simmerwaar

juny 11, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ferreinde tongersdei krije wy no in rite mei waarm, mar ek dynamysk simmerwaar. Yn it wykein kinne der tongerbuien ûntstean.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch noch wat reine. By in matige eastewyn wurdt it 12 graden.

Freed komme der opklearringen, mar yn ’e rin fan ’e dei rekket de loft stadichoan wer berûn. De wyn komt út it easten en is matich, yn it Waadgebiet frij krêftich. De temperatuer leit, nei alle gedachten, tusken de 20 en 25 graden.

Yn it wykein bliuwt it waarm, mei kâns op rein- en tongerbuien.

Jan Brinksma

juny 11, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.