Waarpraatsje: Noch fris
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in wykein mei sinne, in soad wyn, delslach en bewolking bliuwt it foarerast noch wat ritich en net al te waarm.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 8 graden.
Moandei is de loft berûn en kin it opnij sa út en troch wat reine. Letter op ‘e dei sil de sinne him, nei alle gedachten, ek noch wol efkes sjen litte. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen, mar letter giet de wyn nei it noarden en wurdt er matich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne.
Tiisdei is it drûch mar noch fris. Letter yn ‘e wike wurdt it waarmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje