Waarpraatsje: Noch fjouwer dagen ritich

juny 5, 2020 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wiete freed krije wy in ritich wykein, mar takomme wike knapt it waar hiel gau op. It wurdt wer in stik waarmer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der is boppedat kâns op in bui, miskien wol mei in slach tonger. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Sneon wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Yn ‘e middei rekket de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Snein feroaret der hast neat oan it waar. By in matige oant frij krêftige westewyn is der kâns op inkelde buien en mei in graad as 13 is it op ‘e nij oan de kâlde kant.

Takomme wike komt de simmer, nei alle gedachten, werom.

Jan Brinksma

juny 5, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.