Waarpraatsje: Minder waarm mei kâns op tonger

juny 26, 2020 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei opnij in hiel waarme en prachtich moaie simmerdei krije wy no in rite mei minder waarm waar. Der is de earste dagen ek kâns op in tongerbui.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn en soe der in inkelde (tonger)bui falle kinne. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt net folle kâlder as 17 graden.

Sneon is der earst noch kâns op wat (tonger)buien, mar geandewei de dei sil de sinne him hieltyd mear sjen litte. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 23 graden hinne.

Snein bliuwt it, nei alle gedachten, ek net hielendal drûch, mar in soad delslach wurdt net ferwachte. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn sil de sinne sa út en troch ek skine. Mei 20 graden is it noflik waar.

Takomme wike bliuwt it yn bytsje ritich. De temperatuer leit alle dagen om de 20 graden hinne.

Jan Brinksma

juny 26, 2020 18:55
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. jangerben juny 27, 16:58

    Waarman Brinksma, in tongerbuie kin dy net bêst oer in grutte bosk komme ? En kin in bui ek wêrom komme.Ik bin berne yn Berkeap en yn de jierren 50 wiene der doe swiere buoien. De ikebeammen dy’t lâns de dyk nei Makkingea steane, dêr binne doe ferskate beammen spjalten troch tonger ynslach. Doe koe it s’nachts wol oeren tongerje. Der waard doe sein dat de boui net oer de Appelsgeaster bosken komme koe.

  2. Ed Knotter juny 28, 12:07

    Sokke ferhalen heart men wol faker. Wy hawwe in skoft yn Reahel wenne, oan de Tsjûkemar. Dêr koe it ek omraak tongerje en dan waard sein dat sa’n tongerbui net oer de mar komme koe.
    Bin benijd oft in waarman dêr mear oer sizze kin.

  3. Jan Brinksma juny 28, 18:31

    Tige tank foar jimme reaksjes.

    Bosken en marren ha gjin ynfloed op in tongerbui. Buien ha in eigen dynamiek en dogge dingen dy’t wy minsken net ferwachtsje. Sy binne boppedat tige lokaal. Dat buien op it iene plak faker foarkomme as op in oar plak is tafal.

    Der binne yn it waar wol lokale ynfloeden. Sa kin it troch in gearrin fan omstannichheden yn ‘e winter op de Waadeilânen omraak snije en troch in befêrzen Iselmar kin it by in súdwestewyn yn ‘e omkriten fan ’e Lemmer bygelyks kâlder wêze as op ‘e Jouwer. Yn grutter ferbân is in foarbyld fan wyn wol moai. It waait by de kust lâns hast altyd hurder as mear de provinsje yn. Dat komt trochdat de wyn mear de provinsje yn mei in soad gebouwen ensafuorthinne te krijen hat. Dat remmet ôf.

    Jan Brinksma

  4. jangerben july 2, 10:34

    Tige tank foar jo andert Brinksma.. Ik hie sels tocht dat jo it by it deistige waarpraatsje fertelle soene.
    Mar no noch wat oars. Yn 1966-1967 wurke ik by de iisbaan Thialf .As der fanút it westen in tongerbui opsetten kaam Bruts dy bui yn twaen , de iene helte gie noardlik en de oare súdlik. Dat is dy simmer 3x bart Ik wenje yn Nijhoarne en dêr ha we nea in echte swiere bui. Dus tocht ik dat moat wolhast troch de Wâldster bosken komme. It wie in frjemd fenomeen, de tsjustere loft gie yn twaen en dêr tusken yn waard it ljochter.Is dêr in ferklearing foar ?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.