Waarpraatsje: Hiel oar waar

juny 28, 2020 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in soele sneon hawwe wy no mei hiel oar waar te krijen. Snein stie der in soad wyn en mei in graad as 20 wie in stik nofliker. Takomme wike is it ritich.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft stadichoan berûn en in bui of wat rein is net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt 13 graden.

Moandei is de loft earst berûn en op guon plakken soe it wat reine kinne. Letter op ‘e dei lit de sinne him, nei alle gedachten, ek noch wol efkes sjen. De súdwestewyn boazet wer oan en wurdt matich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich en it wurdt alle dagen in graad as 20.

Jan Brinksma

juny 28, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.