Waarpraatsje: Hiel oar waar kommendeweis

juny 2, 2020 19:39

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei simmersk waarm mei in soad sinne. Yn in grut part fan Fryslân waard it waarmer as 25 graden. Foar it KNMI-stasjon Ljouwert wie it de earste offisjele simmerske dei (25 graden of heger) fan dit jier. Fan woansdei ôf feroaret it waar bot. It wurdt ritich en in hiel stik frisser.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder, mar wat bewolking is ek net útsletten. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. Yn it Waadgebiet stiet in matige oant frij krêftige noardewyn. It wurdt 12 graden.

Woansdei skynt de sinne, mar der is ek hege bewolking. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. Yn ‘e middei giet de wyn nei it noardwesten en wurdt er matich. By de kust lâns en yn it Waadgebiet komt de wyn dan út it noarden en boazet er oan. De temperatuer leit tusken de 19 en 22 graden.

Fan tongersdei ôf is der kâns op rein en wurdt it in hiel stik kâlder. Wy sille boppedat de sinne folle minder sjen as de lêste tiid.

Jan Brinksma

juny 2, 2020 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.