Waarpraatsje: Gewoan simmerwaar

juny 29, 2020 18:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in waarme wike sjocht it waar der foar dizze wike oars út, mar foar de measte minsken sil it noflik wêze. It kin sa út en troch ek reine en dat is goed nijs foar de boeren, bouboeren en túnkers. Spitergenoch komt der noch gjin ein oan de drûchte.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en soe der sa út en troch wat reinweter falle kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet mear wyn. It wurdt 13 graden.

Tiisdei is de loft berûn en wat rein is net útsletten. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

Woansdei bliuwt it ek net drûch.

Jan Brinksma

juny 29, 2020 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.