Vera Lynn is dea

juny 19, 2020 12:29

Vera Lynn yn 1941 (foto: Britske keninklike oarlochsmuseums)

De Ingelske sjongeres Vera Lynn is tongersdei ferstoarn. Hja is ien fan ‘e bekendste sjongeressen fan ‘e wrâld. Yn ‘e Twadde Wrâldoarloch song hja foar de Britske soldaten. Sa krige se de bynamme The Forces’ Sweetheart (‘it soldateskatsje’).

De echte namme fan Vera Lynn is Vera Welch. Hja begûn al op har alfde jier mei sjongen ûnder de namme Vera Lynn. Yn 1939 song hja foar it earst We’ll meet again, dat wrâldferneamd wurde soe. Oare ferneamde ferskes fan har binne Land of hope and gloryThere will be bluebirds over the white Cliffs of Dover en There will always be an England.

juny 19, 2020 12:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.