Utstalling ‘GIF’ wer te sjen yn Natuermuseum Fryslân
Resint ferskynd
De doarren fan Natuermuseum Fryslân binne op 1 juny 12.00 oere ek wer iepengien. De ôfrûne tiid is der hurd wurke om it museum yn te rjochtsjen neffens de rjochtlinen fan it RIVM en it protokol fan de Museumferiening. Besikers kinne dan ek feilich mei-inoar it museum en de útstalling GIF, each yn each mei libbene fergiftige bisten besjen.
Krekt alve wiken hat it museum ticht west fanwege de koroanakrisis. In flinke ôffaller, foaral mei de spektakulêre fergifútstalling dy’t no yn it museum stiet. De fergiftige bisten bleauwen efter yn in fierder leech museum. Alle dagen kaam de bistefersoarger Jerome del om te sjen oft it goed mei harren gie, wetterbakken te ferskjinjen en iten te jaan. Foar syn feiligens – want it binne tige gefaarlike bisten – wie der altyd in museummeiwurker by.
Der is yn ’e ôfrûne wiken in protte bard. Der binne slangen ferfelle, spinnen diene in jaske út en der wie in leafdesspantsje: twa slangen giene op date. Op de webside, YouTube en oare sosjale media koe elkenien it bistenijs folgje. Der giet lykwols neat boppe it echt each yn each stean mei in gilameunster, rattelslang en keningskobra. Elkenien kin no wer live de bisten besjen.
Wa’t no nei it museum wol, moat fan tefoaren fia it webstee in kaartsje mei tiidslot (mei fêste starttiid) keapje. Allinnich mei in foarôf oanskafte kaart kriget men tagong. De reden is dat der in maksimum oantal besikers tagelyk yn it museum oanwêzich wêze mei. Fia boekingen foarôf kin it net te drok wurde. By it boeken en ek by de yngong wurdt kontrolearre oft besikers gjin lêst fan sûnensklachten hawwe. Fierder is der oeral ienrjochtingsferkear, by alle sealen wurdt oanjûn wat it maksimum tal besikers is en der jilde de algemiene hygiënemaatregels. De hoareka en winkel binne ek oanpast neffens de nije rjochtlinen. Op dy wize kinne besikers op in ferantwurde manier nei it museum.
De Underwettersafary bliuwt noch efkes ticht. Foar dy attraksje moatte ekstra maatregels nommen wurde. De ferwachting is dat de ûnderwetterwrâld foar de simmer wer iepen kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje