US Open organisearret nei krityk dochs toernoai foar rolstoeltennissers

juny 25, 2020 09:49

De organisaasje fan de US Open hat besletten om dit jier dochs in rolstoeltoernoai te hâlden. De rolstoelkompetysje sil, yn ferliking mei foargeande jierren, bestean út wedstriden foar manlju en froulju yn it inkeld- en dûbelspul.

Esther Vergeer (foto: Wikipedia/publyk domein)

De rolstoeltennissers fernamen ferline wike fia de media dat der gjin plak foar harren wêze soe op it Amerikaanske grandslamtoernoai. De tennissers sels binne net te sprekken dat der net mei harren oerlein is. It Amerikaanske tennisbûn USTA, de organisator fan de US Open, ûnthjitte te ûndersykjen oft it dochs mooglik wêze soe om dit jier in rolstoelkampioenskip te organisearjen en hie oerlis mei de ynternasjonale tennisfederaasje ITF en in ôffurdiging fan de rolstoeltennissers. Yn dat petear erkende de USTA dat it better kommunisearje moatten hie oer de plannen foar it toernoai, dat fan 31 augustus oant en mei 13 septimber op it programma stiet.

It kwalifikaasjetoernoai, it junioaretoernoai en it mingd dûbelspul waarden al earder annulearre. Dêrtroch soene der minder minsken oanwêzich wêze by de wedstriden en soe der better ôfstân ta-inoar holden wurde kinne.

juny 25, 2020 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.