Untfierd Limburchsk jonkje nei 42 dagen befrijd

juny 1, 2020 15:29

In trettjinjierrich mantsje út Genk hat 42 dagen lang ûntfierd west. Utsein de slachtoffers fan Marc Dutroux is it de langste perioade fan ûntfiering yn ‘e Belgyske skiednis. Belgyske sjoernalisten wiene fan ‘e ûntfiering op ‘e hichte, mar hawwe der op fersyk fan ‘e plysje oant no ta net oer berjochte om it libben fan it slachtoffer net yn gefaar te bringen.

De âlden fan it jonkje binne diel fan in grutte Limburchske drugsbinde. De ûntfierders hearre by in rivalisearjende binde. De ûntfiering hie as doel om losjild te krijen. Dat wie in ôfrekkenaksje foar in partij drugs dy’t neffens de ûntfierders troch de famylje fan ‘e ûntfierde jonge ferlern gien wie.

Oardel moanne lyn waard de jonge troch in keppel manlju mei maskers op en mei wapens yn ‘e hân yn syn âlderlik hûs oermastere en meinommen. Sûnt dy tiid hawwe de ûntfierders twa kear in libbensteken fan ‘e jonge trochdien.

De plysje wie manmachtich mei de saak dwaande. Nederlânske plysjes holpen harren kollega’s yn België. Uteinlik hawwe de âlden losjild betelle. It bedrach is net buorkundich makke. Fuort nei’t de jonge frijlitten wie, hat de Belgyske plysje sân minsken oppakt.

juny 1, 2020 15:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.