Unôfhinklik ûndersyk nei sinnepanielen Thialf

juny 13, 2020 09:39

Der komt meikoarten in ekstern ûndersyk nei de sinnepanielen op it dak fan Thialf. Oandielhâlders de provinsje Fryslân en de gemeente It Hearrenfean hawwe dat yn goed oerlis mei Thialf besletten. Oanlieding is it ôfskeakeljen fan de sinnepanielen op freed 29 maaie lêstlyn. Dat wie in resinte eask fan de fersekerders.

Thialf (foto: Wikipedia/Olaf Janssen – CC BY-SA 4.0)

Mei it ekstern ûndersyk wolle de oandielhâlders earstdeis dúdlikens krije oer hoe’t der, doedestiids by de oanlis fan de sinnepanielen en dêrnei, hannele is en neffens hokker jildende noarmen. Dêrnjonken wolle de oandielhâlders der in twadde miening mei opdwaan oer hoe’t Thialf mei sinnepanielen op it dak fersekere wurde kin en in advys oer hoe’t it no fierder moat.

De provinsje en gemeente sizze mei klam dat der no gjin oanwizings binne dat der by de oanlis flaters makke binne of dat de feiligens yn ’e kiif stiet. Wol fiele de oandielhâlders har oerfallen troch it beslút en de taljochting fan de fersekerders. De gefolgen dêrfan binne grut, dêrom is soarchfâldigens en goed ynsjoch foar ferfolchstappen no nedich.

juny 13, 2020 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.