Unike archeologyske fynst by Stonehenge

juny 23, 2020 08:49

Archeologen hawwe in ûnbidich grutte rûnte mei fiif meter djippe skachten fan 4500 jier âld fûn. De fynst, deunby Stonehenge, it prehistoarysk monumint yn Súdwest-Ingelân, wurdt beskreaun as unyk.

Foto: morguefile.com

De tweintich skachten hawwe in trochsneed fan tsien meter en binne ferspraat oer in rûnte fan twa kilometer om de Durrington Walls hinne, in oar prehistoarysk monumint yn ’e omkriten fan Stonehenge. De skachten lykje neffens de archeologen bedoeld te wêzen as in soarte fan grins dy’t minsken nei it hillige gebiet fan de Durrington Walls liede moast, of just warskôgje moast om fuort te bliuwen.

Undersikers fan Stonehenge en it lânskip dêromhinne binne fernuvere oer de grutte fan it bouwurk en it feit dat it noch net ûntdutsen wie. Wat de fynst ek unyk makket, is dat dúdlik wurdt dat de minsken in systeem hiene om te tellen, sizze de ûndersikers. De skachten binne sa krekt posisjonearre dat de lokaasje allinnich bepaald wurde koe troch it tellen fan hûnderten stappen.

Wylst Stonehenge in dúdlike link hat mei de fjouwer seizoenen en de sinnekear, binne skachten neffens de archeologen in “ûnbidich kosmologysk teken” dat yn ’e ierde oanbrocht wurde moast. De skachten binne fûn mei moderen archeologyske techniken as geofysyske prospeksje, boaiemradar en magnetometry: it opmjitten fan magnetyske fjilden om holten op te spoaren.

De ûndersikers sizze dat de fynst sjen lit dat minsken eartiids sa ien wiene mei de natuer, wat wy ús no amper foarstelle kinne.

juny 23, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.