Trinitatis

juny 7, 2020 07:00 Fernijd

Meditaasje

De snein nei Pinkster hat yn ’e tradysje fan de tsjerke de namme Trinitatis krige. De snein fan de Trije-ienheid. Ferline wike ha wy it feest fierd fan it kommen fan de hillige Geast, dy’t ús yn steat stelt om minsken te wurden sa’t God it bedoeld hat.

It is net de bedoeling dat wy ús op snein Trinitatis ferdjipje yn teologyske riedsels. Bygelyks oer de fraach hoe’t dy trije – Heit, Soan en Geast – dochs ien wêze kinne. Willem Barnard sei ris: “Dingen dêr’t wurden by tekoartsjitte, dêr’tst mar skraachoan oer prate kinst, dêr moatst oer sjonge.”

Wy meie bliid wêze om’t Hy, de Heit, ús it libben jûn hat en dat Hy, de Soan, ús de wei wiisd hat en dat Sy, de Geast, ús oantrunet om nije minsken te wurden. Hoe’t dat barre kin fertelt it ferhaal fan de moeting fan Jezus en Nikodemus yn Johannes 3.

Nikodemus, in wetgelearde fielt oan dat der wat net doocht yn syn libben en hy giet yn petear mei Jezus. Jezus seit tsjin him dat it neat mei him wurde sil as er net opnij berne wurdt. Dat soe wat wêze! In nij begjin meitsje. Alles wat mis wie achter dy litte. Sa ast nei in ferlern potsje damjen de houtsjes opnij op it boerd sette kinst. En dan silst better útsjen! Mar dat is fansels net mooglik. Of dochs wol?

Ast op it ynternet sikest komst gâns sites tsjin mei bekearingsferhalen fan nijberne kristenen. Benammen yn Amearika tilt it op fan tsjûgenissen fan saneamde reborn Christians. Earst wie it neat mei neat: drank en drugs, stellerij en seks of – wat minder ferheftich – der mar wat hinne libje sûnder doel, mar no hawwe se Jezus fûn en alles is nij wurden. Utskroeven fertelle se fan harren nije berte en harren nije libben.

Ik fyn it wat spitich dat se tagelyk faak wat meilijich delsjogge op oaren. Oaren dy’t fan jongs ôf oan nei tsjerke giene, of noait nei tsjerke giene, en mei al har lek en brek besykje it goed te dwaan, minske mei en foar oare minsken te wêzen. Mar se hawwe net de skokkende ûnderfining fan in krêftdiedige bekearing meimakke. Sokken binne net opnij berne, want se kinne gjin dei en oere neame lykas eartiids dy âlde brânstofhanneler by ús op it doarp. Dy ferkocht net allinne turf en antrasyt, mar hy brocht ek syn oertsjûging oan ’e man. As er de brânstof teplak hie gie er altyd mei ús heit yn petear. Ik sjoch him noch stean mei de finger omheech: ‘En op dy dei, middeis om healwei trijen hat God my yn it nekfel pakt.’

My tinkt dat ‘in nij minske wurde’ net sa halje-trawalje hoecht te gean. It âlde achter dy litte en it nije temjitte gean is in deistige beuzichheid. Want ‘nij berne wurde’, in nije oriïntaasje fine yn dit libben dêr’t wy al in hiel ein yn ûnderweis binne, giet mei hoarten en stjitten. Dat hoecht wier net in oerdonderjend barren te wêzen dat ús libben yn ien kear op ’e kop set. Folle faker is de ûnderfining dy’t ús yn it moed taast dat wy God tichteby ús fiele, in glimpke fan syn ryk sjogge, dat wy witte dat Hy der is en stjoer en rjochting jout oan ús bestean.

Op ’e snein fan de Trije-ienheid stean wy derby stil dat ús dat op ferskate manieren oerkomme kin. Yn de skepping bygelyks, it wurk fan Gods hannen. Berchtoppen mei snie, de sinne dy’t yn ’e see weisakket, de Fryske greiden mei dêrboppe de blauwe loften, de fûgels, de berms fol tongerblommen. Dy God kinne wy ek op it spoar komme yn de wei dy’t er mei it folk Israel gien is. Troch seeën en woestinen, yn ballingskip en ûnderdrukking. De God dy’t it opnimt foar de swakken. Dy God moetsje wy as wy sjogge nei him dy’t mei Nikodemus yn petear wie. Wêr soene wy bedarre wêze as hy der net west hie? Wa soe ús der troch sleept hawwe? Dy God fine wy ek werom yn de wei fan de tsjerke de iuwen troch en yn it langstme yn ús eigen hert nei in wrâld fan frede en rjocht. De God dy’t yn ús leafde opropt.

Heit, Soan en Geast. Trije redenen om tankber te libjen en te leauwen.

ds. Cor Waringa, De Jouwer

juny 7, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.