Toeristebelesting Fryslân bliuwt relatyf heech

juny 14, 2020 08:57

Toeristen dy’t harren fakânsje yn Fryslân trochbringe, moatte rekken hâlde mei yn trochsneed 1,9 persint hegere toeristebelesting as ferline jier. In trochsneed gemeente yn Fryslân heft dit jier € 1,58 toeristebelesting de persoan de nacht. Der bestean lykwols grutte ferskillen tusken gemeenten yn ’e provinsje. Dat en mear wurdt dúdlik makke yn in analyze fan Bungalowparkoverzicht.nl, dat ûndersyk die nei de tariven fan toeristebelesting yn Nederlân.

Foto: pixabay.com

Toeristebelesting Fryslân relatyf geunstich
Yn 85% fan de Nederlânske gemeenten wurdt yn 2020 toeristebelesting ynbard. Yn Fryslân heffe – op Achtkarspelen, Smellingerlân en Waadhoeke nei – alle gemeenten yn 2020 toeristebelesting boppe-op de oernachtingspriis fan loazjeminten. De trochsneed taslach komt yn Fryslân del op € 1,58 de persoan de nacht. Dat is neffens ferline jier in ferheging fan 1,9 persint. Yn ferhâlding is de hichte fan de heffing geunstich. It lanlik trochsneed taryf foar de toeristebelesting is nammentlik € 1,82 de persoan de nacht.

Oant goed € 3 ferskil de persoan de nacht
Tusken gemeenten yn Fryslân bestean grutte ferskillen yn it taryf fan de toeristebelesting. De heffing fariearret fan € 1 yn ûnder oare Ljouwert en It Hearrenfean, oant leafst € 4,46 yn Weststellingwerf. Besjoch hjir de tariven fan oare Nederlânske gemeenten.

Om te ferlykjen: lanlik sjoen betelje toeristen yn Amsterdam mei trochinoar rekkene € 10,80 de measte toeristebelesting boppe-op de hotelpriis. Yn Rotterdam (€ 7,24) en Zaanstad (€ 7,00) falt de toeristebelesting ek relatyf heech út.

Taryf it measte omheechgien op Flylân
Yn seis Fryske gemeenten dy’t toeristebelesting heffe, waard it taryf dit jier ferhege. It gie it sterkst omheech op Flylân (+17,7%). Op Skiermûntseach (+2,2%) wie de ferheging it leechst.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk en in oersjoch fan alle gemeenten is hjir te lêzen.

 

juny 14, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.