Terrassen wer iepen

juny 1, 2020 15:46

Fan ‘e middei om tolve oere mochten de Fryske terrassen wer iepen. De feilichheidsregio Fryslân stiet dat no wer ta. Fan healwei maart ôf wie de hoareka ferplichte ticht, om foar te kommen dat it koroanafirus him fersprate.

Klanten moatte no wol oardel meter útinoar sitte. Yn in soad gemeenten meie de terrassen tydlik wat grutter wêze as oars, oars kinne kafees en restaurants harren klanten amper plak jaan.

Rûnom kundigen yt-en-drinksaken oan dat hja wer tagonklik wiene. Hjirûnder bygelyks in meideiling fan Het wapen van Baarderadeel yn Jorwert.

juny 1, 2020 15:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.