Terrassen by pleatsen wer iepen

juny 3, 2020 08:51

Boeren en túnkers mei in terras hawwe dy sûnt moandei 1 juny wer iepen foar publyk. No’t de ryksoerheid de maatregels foar alle Nederlanners ferromme hat, kinne minsken ek wer op ’e pleats oanstekke foar kofje mei selsmakke apelgebak of iis. Op in protte plakken kinne besikers boppedat efter de skermen fan it bedriuw sjen. Wol moatte de rjochtlinen fan it RIVM neilibbe wurde.

Foto: pixabay.com

Yn de ôfrûne jierren hawwe hieltyd mear boeren en túnkers in terras iepene. Faak ferkeapje se dêr eigenmakke produkten, lykas iis makke fan komolke. LTO Noard-bestjoerder Karolien Hupkes: “In protte minsken fine it moai om op de pleats of yn de kas te sjen. Dêrom binne ferskate boeren en túnkers yn de ôfrûne jierren begûn mei it oanlizzen fan in eigen terras. Minsken kinne dêr bygelyks nei in fytstoch efkes útrêste.” Op de terrassen wurde safolle mooglik selsmakke produkten oanbean. Dêrneist binne der plôktunen dêr’t besikers sels oan ’e slach kinne.

De ferskate terrassen biede wille foar jong en âld. “Foar de leafhawwer binne der teetunen, húshâldens mei bern kinne op terrassen mei boartersplakken telâne”, seit Hupkes. “Op dy wize besykje boeren en túnkers foar elkenien wat aardichs oan te bieden. Hoe moai is it as men nei in lekker stik fytsen yn ’e polder útrêste kin?” In protte boeren misse de bedriuwigens op harren terrein. Hupkes: “Boeren binne grutsk op wat se dogge en meitsje, dat wolle se graach sjen en priuwe litte. In terras is dêr in ideaal plak foar.”

Fanwegen de koroanakrisis wurdt besikers wol frege dat se har oan de strange betingsten fan it RIVM hâlde. “Besikers moatte dus by harren tafel sitten bliuwe en as se net yn deselde húshâlding wenje, moatte se oardel meter útinoar bliuwe”, seit Hupkes. “As elkenien him oan de regels hâldt, hawwe sy in moaie dei en komme wy fersprieding fan it koroanafirus foar.”

juny 3, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.