Temawebside FSP oer gefolgen koroanakrisis foar Fryslân

juny 9, 2020 08:51

Wat betsjut de koroanakrisis foar de ynwenners fan Fryslân? Hoe geane sy om mei de feroarjende omstannichheden? En wat binne de gefolgen foar bygelyks de soarch, wurkgelegenheid en sosjale gearhing? It Frysk Sosjaal Planburo docht wiidweidich ûndersyk nei de mooglike maatskiplike ynfloed fan de hjoeddeiske krisis. De útkomsten dêrfan stean op de nije temawebside www.fsp.nl/corona.

Foto: pixabay.com

De koroanakrisis hat de ôfrûne moannen grutte feroarings meibrocht. Guon feroarings binne tydlik, lykas de koroanamaatregels dy’t no stadichoan ferromme wurde. Oare feroarings sille langer trochwurkje. Tink dêrby oan de ekonomyske neisleep fan de krisis, mar ek oan de effekten op sosjaal flak, no’t wy ús yn de ‘oardelmetermaatskippij’ bewege moatte.

Undersyk foar en nei de koroanakrisis
Hoe giet it mei ynwenners fan Fryslân yn feroarjende omstannichheden? Dêr docht it FSP hieltyd ûndersyk nei. No ek, yn de koroanakrisis. Ein april krigen de hast seistûzen leden fan Panel Fryslân (it fêste represintative boargerpanel fan it FSP) in fragelist oer de koroanakrisis tastjoerd. De earste resultaten fan dat ûndersyk wurde yn juny ferwachte. De útkomsten fan it ûndersyk wurde dield mei de Fryske krisisorganisaasje (Feilichheidsregio en GGD), en oare beliedsmakkers en bestjoerders.

By it ûndersyk nei de koroanakrisis kin it FSP gebrûkmeitsje fan gegevens en sifers út eardere ûndersiken, de saneamde ‘nulmjitting’. Dêrtroch ûntstiet in goed byld fan de situaasje foar en nei de koroanakrisis yn Fryslân. Op basis dêrfan en analyze fan alle oare beskikbere ynformaasjeboarnen beskriuwt it FSP by ferskate monitortema’s de mooglike maatskiplike gefolgen fan de koroanakrisis.

Aktuele ûntwikkelingen koroanakrisis
Op de webside oer koroana is yn tema’s te lêzen oer de útgongssituaasje yn Fryslân, de mooglike ynfloed fan de koroanakrisis en hokker tendinzen der binne. Hiel Nederlân kampt mei de gefolgen fan de koroanakrisis. It FSP beskriuwt net allinnich dy algemiene gefolgen, mar lit ek sjen mei hokker spesifike útdagings Fryslân te krijen hat. De gegevens op de webside wurde hieltyd oanfolle mei aktuele ûndersyksresultaten, analyzes en artikels. De webside biedt dêrmei ynformaasje foar ûnder oare beliedsmakkers, bestjoerders en oare belangstellenden.

juny 9, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.