Te rie by Us Heit – 400 jier Willem Loadewyk

juny 12, 2020 08:39 Fernijd

It is 400 jier lyn dat steedhâlder Willem Loadewyk ferstoar, ‘Us Heit’ foar de Friezen. Wat kin de hjoeddeiske maatskippij yn koroanatiid leare fan in 17e-iuwske regint? Fryslân DOK giet Te rie by Us Heit.

Josse Pietersma en Willem Loadewyk (foto: Jan Bensliman/Omrop Fryslân)

Tegearre mei syn neef Maurits boude steedhâlder Willem Loadewyk van Nassau-Dillenburg it nije Nederlân op, dat ûntstie yn de Tachtichjierrige Oarloch. Hy wie in briljant militêr strateech, dy’t deryn slagge om de oermachtige Spanjerts te ferdriuwen út de noardlike gewesten fan de republyk. Hy fernijde it bestjoer yn it noarden en rjochte universiteiten op yn Frjentsjer en Grins. It wie in tiid fan gaos en ûnwissens. Dochs toande hy him in ûnbelekke lieder troch in dúdlike eigen koers te farren, wylst er tsjinstelde belangen en stridende partijen yn har wearde liet. Willem Loadewyk groeide út ta in steatsman mei in geweldich moreel gesach. Sa grut, dat er ‘Vader des Vaderlands’ waard foar de noarderlingen – Us Heit.

Hjoed-de-dei witte net folle Friezen mear wa’t Willem Loadewyk wie. Is der dan gjin ferlet mear fan sa’n liedsman? Of lit in koroanafirus sjen dat der yn tiden fan krisis krekt wól in lieder mei grut moreel gesach nedich is? Yn de Fryslân DOK Te rie by Us Heit siket histoarikus Josse Pietersma nei de betsjutting dy’t Willem Loadewyk júst no hawwe kinne soe.

Fryslân DOK: Te rie by Us Heit
Sneon 13 juny, 15.30 oere, NPO 2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 14 juny 13.10 oere)
Snein 14 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

juny 12, 2020 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.