Ballonoplitte yn hieltyd mear gemeenten ferbean

juny 16, 2020 08:57

Hieltyd mear gemeenten ferbiede it oplitten fan ballonnen. Yn ien jier tiid is it tal gemeenten dy’t dat ferbiede mear as ferdûbele, blykt út ûndersyk fan Stichting De Noordzee. Ferline jier maart wie it yn 17 persint fan de gemeenten ferbean, no is dat al 41 persint. Ballonnen hawwe in negative ynfloed op natuer en miljeu. Seesûchbisten, fûgels en fisken sjogge de ballonnen foar fretten oan en reitsje yn de ballonlinten fertize.

Foto: Stichting De Noordzee

41% hat in ferbod
In jier lyn wie it ballonoplitten yn 17% fan de gemeenten ferbean, no is dat 41%. Dat binne 145 gemeenten. Yn 2018 hie noch mar 5% in ferbod ynsteld. Sûnt de ferantwurdlikeheid foar ballonoplitbelied yn 2014 by de gemeenten lein waard, hâldt Stichting De Noordzee de stân fan saken op ’e kerl, gemeente foar gemeente. De ôfrûne twa jier nimme de sifers sterk ta. Op syn minst tolve gemeenten riede op it stuit in ferbod ta en sille dat nei alle gedachten yn de kommende moannen fêstlizze yn de algemiene pleatslike oardering.

Ofbylding: Stichting De Noordzee

ProvinsjesPersintaazje gemeenten mei in ferbod (tal)
Fryslân78% (14)
Noard-Hollân60% (28)
Grinslân58% (7)
Seelân54% (7)
Súd-Hollân54% (28)
Drinte42% (5)
Noard-Brabân34% (21)
Flevolân33% (2)
Utert31% (8)
Gelderlân29% (15)
Oerisel24% (6)
Limburch13% (4)

 

Kustprovinsjes binne koprinner
Der is in dúdlik ferskil tusken de stân fan saken yn de ferskate gemeenten. Alle provinsjes dy’t oan de Noardseekust grinzje, dogge it better as de lanlike trochsneed. Fryslân stiet boppe-oan mei 78%. Yn Noard-Hollân hat 60% fan de gemeenten in ferbod, yn Grinslân 58% en yn Seelân en Súd-Hollân hat mear as de helte fan de gemeenten in ferbod.

Alve ballonnen op hûndert meter strân
Al fyftjin jier docht Stichting De Noordzee offisjeel strânôffalûndersyk yn opdracht fan Rykswettersteat. Yn trochsneed lizze der alve ballonresten op hûndert meter strân. “Eltse ballon dy’t de loft yn giet, komt wer nei ûnderen ta”, leit Ewout van Galen, programmlieder Skjinne see, út. “In protte ballonnen komme sa yn see telâne. Dêrom is it geweldich dat safolle gemeenten ûnderwilens besletten hawwe om it oplitten net mear ta te stean. Dy drage sa by oan in skjinne en sûne Noardsee.”

Oer Stichting de Noordzee
Stichting De Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeu-organisaasje en is dé organisaasje as it giet om beskerming en duorsum gebrûk fan de Noardsee. De stifting rjochtet him op fjouwer doelen: romte foar natuer, skjinne see, duorsum fiedsel en natuerfreonlike enerzjy. Mei oaren wurket de stifting oan in skjinne en sûne Noardsee.

juny 16, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.